Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101716

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in man, dy hie syn bihoefte dien bûtendoar, op in plak, dêr't it net mochte. Doe kom der in plysje oan. De man goaide gau syn hoed oer it hoopke hinne. Doe sei er tsjin 'e plysje: "Wolle jo hjir wol even op passe? Dan gean ik wylst nei hûs ta om in kouwe, hwant ik haw in kakatoe ûnder 'e hoed."
De plysje mar wachtsje en mar wachtsje, mar al hwa't kaem, de eigner fan 'e kakatoe net.
Op 't lêst moest de plysje ôflost wurde troch syn kollega.
Dy sei tsjin him: "Hwat is dit?"
Doe sei de plysje: "Och, ik stean hjir to wachtsjen op in man, dy is nei hûs ta om in kouwe. Hy hat hjir in kakatoe ûnder 'e hoed sitten."
"Nou," sei de kollega tsjin him: "Dan kin dy keardel dy ek wol foar de gek ha. Fiel der ris ûnder."
De plysje die it.
"En?"
"Ja," sei doe de plysje, "de kak ha 'k wol, mar de toe is geflogen."

Onderwerp

AT 1528 - Holding Down the Hat    AT 1528 - Holding Down the Hat   

ATU 1528 - Holding Down the Hat.    ATU 1528 - Holding Down the Hat.   

VDK 1528 - Holding Down the Hat    VDK 1528 - Holding Down the Hat   

Beschrijving

Een man moet poepen en bedekt de ontlasting snel met zijn hoed wanneer hij een agent ziet. Hij vraagt de agent zolang op zijn kaketoe te passen, terwijl hij thuis een kooi gaat halen. Als de agent afgelost wordt vraagt de ander wat hij daar onder die hoed heeft. Als de tweede agent niet gelooft dat er een kaketoe onder zit, voelt de eerste en zegt: de kak zit er nog, maar de toe is gevlogen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 16 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973
Holding down the Hat

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21