Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101719

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Der wienen twa joaden, dat wienen kammeraden. Se wienen beide troud en sieten elk yn 'e âld-izerhandel. De earste joad hie altyd hwat omgong mei de oare syn wiif. Dat wie ien fan 'e redenen mei dat se op 't lêst útelkoar gongen.
Nei jierren troffen se elkoar wer. De earste joad ried altyd noch mei syn âld karke dêr't er it âld-izer op laedde, mar de oare ried nou yn in greate Amerikaense slide. Dy wie 't bêst gong.
Doe frege de earste him: "Hoe hast dat hawn?"
Doe sei de oare: "Ik bin mei 't âld-izer ophâlden en ik ha nou in greate wynhandel. Dû mast mar ris komme to sjen."
Dat like de earste joad skoan ta en hy die 't ek. Omdat de twadde joad it nochal drok hie sei er tsjin syn frou: "Lit dû him de wynkelder even sjen." Mar dat sei er mei opset, hwant hy woe wite of syn frou en syn earde freon noch hwat om elkoar joegen. Dêrom hâldde er him forskûl doe't de oare beiden nei de wynkelder tasetten.
Hja wienen noch mar krekt togearre yn 'e kelder of dêr wie 't al sa. Dêr wie syn kammeraed al mei syn wiif bezich.
De joad waerd tige lulk om 't gefal, mar dat liet er net skine. Hy wist him to bihearskjen.
Hwat er to dwaen hat, hy lit in glês folrinne mei de urine fan syn frou en dan seit er tsjin syn eardere maet: "Nou, hwat seist fan 'e kelder?"
De oare joad seit: "Reusachtich, reusachtich -."
"Nou, hat de frou dy al in gleske wyn jown?"
"Né", sei dy joad.
"Nou," sei er, "dan mast hjir mar ris even fan priuwe. Dan mast mar ris sizze hoe't it smakket."
Syn maet preau der fan.
"Nou, en hoe smakket it?" frege syn maet.
"Nou," seit dy, "ik kin net sizze dat dit nou sa hiel lekker is."
"Nou," sei de oare, "dan mat dat oan dy lizze. Hwant it komt út itselde fet, datstû yn 'e kelder oanboarre haste."

Beschrijving

Twee kameraden zijn getrouwd en hebben een oud-ijzerhandel. De een zit vaak te rommelen met de vrouw van de ander en daardoor gaan ze uit elkaar. Na jaren ontmoeten ze elkaar weer en een van de twee rijdt inmiddels in een dure auto. Hij heeft een wijnhandel en vraagt zijn oude vriend eens langs te komen. Als die dat doet vraagt de wijnhandelaar of zijn vrouw de wijnkelder laat zien. Omdat hij wil weten of ze nog steeds wat met elkaar willen, verstopt hij zich en inderdaad kunenn ze niet van elkaar afblijven. Uit woede schenkt hij een glas vol met urine van zijn vrouw. Als de vriend weer boven komt biedt hij hem het glas "wijn"aan. Hij vindt het echter niet lekker, waarop de eerste zegt: gek, want het komt uit hetzelfde vat waar jij uit hebt zitten tappen in de kelder.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 19 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21