Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101725

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in man, dy wie altyd ûntofreden. Hy moppere oan ien tried wei. Doe kaem er ris in kear by in mynhear, dêr moppere hy ek tsjin.
Doe joech dy mynhear him in koperlap en sei: "Sjoch, dy mastû ris goed glêd poetse."
Dat die dy man en doe't er klear wie sei de mynhear tsjin him: "Sjoch, mei dy sint mastû nei 't postkantoar ta. Hy die der in briefke by foar de direkteur en dan soed er wol sjen hwat der gebeurde. Doe joech de direkteur him in spaerbankboekje mei. Dy iene sint stie der op.
Sa kaem dy man wer by de mynhear. 't Wie in gleonhite dei yn 'e simmer. Doe sei dy mynhear tsjin him: "Gean dêr mar by de kachel sitten."
Dat die dy man. Doe die dy mynhear him in tekken om en hy joech him in pakje bakken en in panne mei molke.
"Yt dat mar op", sei er.
Mar dy man sei: "Ik smoar hjir binei fan 'e waermte. In grouwe tekken om en by 't fjûr, en dat noch wol yn 'e simmer! En dy molke en dy bakken set ik net in mûle op. Dêr bidank ik foar. Hwat miene jo wol net?"
Doe sei dy mynhear: "Dû bist ek noait in kear tofreden. Dû hast nou oars it libben op in tafelbuordtsje", tocht ik. "Nou hast in moaije sint op 'e bank, dû sitst der waerm yn en dû hast hwat yn 'e molke to brokkeljen. Hwat wolst mear? En nòch krimmenearreste!"

Beschrijving

Een man die altijd moppert komt een heer tegen. Die geeft hem een cent. Hij zegt hem de cent te poetsen en daarmee met een briefje naar het postkantoor te gaan. De man komt terug met een spaarbankboekje met een cent op zijn rekening. Het is een hete zomerdag, maar bij terugkomst staat de kachel aan en zegt de heer hem bij de kachel te gaan zitten met een deken om en een pak beschuiten en een pan melk te nemen. De man weigert en moppert dat het veel te heet is. De heer zegt dan: wat mopper je toch, je hebt een mooie cent op de bank, je zit er warm bij en hebt ook nog wat in de melk te brokkelen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 25 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21