Hoofdtekst
Der wie in boerefeint dy gong fan Fryslân nei Amerika ta.
Dêr kaem er by in boer yn 't wurk. De boer hie in kou, dy moest ûnder 'e bolle, mar dy bolle stie op in pleats, dy wie withoefier fuort. De feint hie der net folle sin oan om dêr alhiel hinne, mar de frou joech him iten mei foar ûnderweis.
De feint gong op stap, mar nei in ûre wied er al werom mei de kou.
Doe sei de boer: "Hwat nou? Hast der gjin nocht oan?"
"Jawol, boer," sei de feint, "mar ik hoefde der net hinne."
"Hoedat sa net?" frege de boer.
"Nou," sei de feint, "der stie in buordtsje oan 'e kant fan 'e wei, dêr stie op: Boldoot."
Dyselde feint bleau net by dy boer yn Amerika. Hy waerd ûnwennich en gong werom nei Fryslân. Doe't er dêr wer wie frege syn maet: "Hast dêr ek hwat bilibbe yn Amerika?"
"Nou ja," sei de feint, "ik wie op in kear by in wûnderdokter. Dy hat my in fleske mei guod forkocht, dat ik hjir by my ha. Deselde dy't fan dat guod drinkt liicht net. Dat is 't bysûndere fan dy drank. - Sil ik dy der ris hwat fan jaen?"
Dat like syn maet wol hwat ta. Hy dronk der fan en sei:
"Forrek, dat is petroalje!"
"Sjochst nou wol," sei de feint, "dat ik dy de wierheit sein ha?"

Beschrijving
Een Friese boerenknecht gaat naar Amerika. Daar moet hij een koe naar de stier brengen, een heel eind verderop. Hij krijgt eten mee, maar is al snel weer terug. Het hoefde niet meer, zegt hij, want er stond een bordje: Boldoot (bol dood, stier dood).
Toen hij weer in Friesland was vroeg iemand hem naar zijn belevenissen in Amerika.Hij vertelde dat hij bij een wonderdokter een drankje had gekregen dat heel bijzonder was: als je er van nam kon je niet liegen. De vriend wilde er wel van proberen en riep toen uit: het is petroleum! Zie je wel, zei de knecht, dat ik de waarheid sprak.

Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 33 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 mei 1973
Naam Locatie in Tekst
Friesland   
Amerika   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21