Hoofdtekst
Der wie in feint, dy wenne by de boer. Dy feint, dy hie forkearing mei in faem, mar hy liet de brieven fan dy faem altyd oeral omslingerje. De frou sei tsjin him: "Jonge, dit kin sa net. Elkenien kin dy brieven sa lêze, dat heart sa net. Dû mast der mar mei nei de souder ta gean en se dêr ergens op in goed plakje weistopje."
De jonge gong nei de souder ta, mar hy kaem mar noait werom.
Op 't lêst sei de frou tsjin 'e boer: "Dû meist wolris nei him ta gean, it duorret sa lang mei dy jonge foardat dy wer ûnder komt."
De boer gong by de trap op en doe lei dy jonge dêr langút op 'e souder mei in kaert foar him.
"Hwat dochst nou?" sei de boer.
"Och," sei de jonge , "ik sykje op 'e kaert nei in plak dat ik nergens fine kin. Myn faem wenne oars yn Heidenskip, mar nou skriuwt se yn har lêste brief dat se yn swangerskip is. Wit de boer ek hwer't dat plak leit?"

Beschrijving
Een boerenknecht heeft verkering met een meid, maar laat haar brieven steeds door het huis slingeren. De boerin zegt dat hij een plekje daarvoor moet zoeken op zolder. De jongen verdwijnt maar komt niet terug. Op het laatst vraagt de vrouw haar man een kijkje te nemen. Die treft de knecht languit op zolder aan met een kaart voor zijn neus. Hij zegt dat zijn liefje in Heidenskip woonde, maar dat ze op een kaart opeens over Swangerskip (zwangerschap) praat, of de boer weet waar dat ligt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 34 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 mei 1973
Naam Overig in Tekst
Heidenskip   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21