Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ102403

Een sage (mondeling), zaterdag 26 mei 1973

Hoofdtekst

Heit hat mei Ymke de Jong ûnder tsjinst west to Ljouwert. Hy woe net ûnder tsjinst. Hy sette it altyd tsjin 'e oerheit yn 'e kant. "Hier temt men leeuwen en beren, maar mensen niet", sei er, doe't se him opsluten yn 'e sel. Hy wie der samar wer út. Der wie net in doar tsjin him bistand.
Dienen se him de boeijens om, hy hie se samar wer ôf.
Se koenen him noait krije. Ek ris in kear doe wied er út 'e gefangenis ûntsnapt, doe sieten se him achternei. Hy sprong gau yn in gracht, ûnder 'e skippen troch en op in hiel oar plak, gâns in ein fierder, dûkte er wer op.
Hynders dy't ôfgryslike wyld wienen en dêr't net ien hwat mei wurde koe waerden by him krekt sa mak as in laem. Hy flústere se hwat yn 't ear en se dienen alles foar him.
Hy hoefde net in tou to brûken om in hynder op to heljen. Se kamen út harsels by him.
Ymke liet de minsken stean sa stiif as in peal. Dan koenen se net earder fan 't plak komme as hy moest se earst forlosse.
Heit fortelde, dat se wienen ûnder tsjinst mei him forlegen.

Onderwerp

SINSAG 0672 - Zauberer geht durchs Schlüsselloch (geschlossene Türen); Türen öffnen sich, wenn er seine Mütze dagegen wirft.    SINSAG 0672 - Zauberer geht durchs Schlüsselloch (geschlossene Türen); Türen öffnen sich, wenn er seine Mütze dagegen wirft.   

Beschrijving

Ymke de Jong was ontembaar en onaantastbaar. Als hij werd opgesloten of geboeid, kwam hij vanzelf weer vrij. Hij kon mensen stijf stil laten staan. De wildste paarden kon hij temmen en ze kwamen vanzelf met hem mee, daar had hij geen touw voor nodig.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1024, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

26 mei 1973
Zauberer geht durch Schlüsselloch (geschlossene Türen); SINSAG 0666: Zauberer bannt an den Ort.

Naam Overig in Tekst

Ymke de Jong    Ymke de Jong   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21