Hoofdtekst
Der wie in man, dy moest in iensum paed del. Hy hie in aerdich hufke jild by him. Doe waerde er ynienen oanhâlden troch in strúkrover. Dy sei tsjin dy man: "Je geld of je leven."
"Och man," sei de reizger, "jo kinne myn jild wol krije, hwant ik bin mâl mei myn eintsje leven. Mar dan woe 'k al graech dat jo my even troch myn hoed skeaten. (Hy hie in âld hoed op 'e kop.) Dat die dy strúkrover en hy naem it jild ek fan 'e man.
Mar doe sei dy man: "Nou matte jo my ek noch even ien troch dizze slippe fan 'e jas jeije."
Dat dêr jage dy strúkrover ek noch in kûgel trochhinne.
Doe sei er: "Nou wol 'k ek noch graech ien troch de oare slippe ha."
Doe sei dy strúkrover: "Ik ha der net in patroan mear yn."
"Soa," sei 't mantsje, "dan bist nou foar my." Doe hat er dy strúkrover in goed pak op 'e hûd jown en syn jild wer ta him naem.

Onderwerp
AT 1527A - Robber Induced to Waste his Ammunition   
ATU 1527A - The Robber Disarmed   
Beschrijving
Een man, die met veel geld over een stil pad loopt, staat plotseling oog in oog met een struikrover die hem dreigend 'je geld of je leven' toeroept. De man zegt hierop dat de rover zijn geld kan krijgen, maar dat hij nog een speciaal verzoek heeft: hij vraagt de rover of hij een gat in zijn hoed wil schieten. De rover stemt toe. Vervolgens vindt de man de rover bereid nog een kogel af te vuren: door de ene slip van de jas. De slimme man heeft er zo voor gezorgd dat de kogels van de rover opraken. Hij pakt de schurk vervolgens direct bij zijn lurven en tuigt hem helemaal af.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1030, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
30 mei 1973
Robber Induced to Waste his Ammunition.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21