Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103015

Een mop (mondeling), woensdag 30 mei 1973

Hoofdtekst

It kranksinnichgesticht wie oerbifolke. De direkteur hie biricht krigen fan in dokter, dat der moesten needsaeklik trije man opnaem wurde.
Doe sei de direkteur fan dat kranksinnichgesticht tsjin ien fan syn ûndergeskikten: "Hoe matte wy hjir mei oan? Hwant wy binne al fol."
Doe sei dy ûndergeskikte: "Der is miskien al in oplossing. Der binne hjir trije man, dy binne alle dagen oan 't kuijerjen en dêr kinne wy hiel forstânnich mei prate. Soenen wy net ris bisykje kinne om dy trije nei hûs ta to krijen?"
"Jonge-ja," sei de direkteur, "der sizze jo sahwat. Mar dan mat ik earst mei dy mannen prate."
Doe liet dy direkteur earst ien fan dy trije mannen by him komme. Hy sei tsjin him: "As ik dy nou los lit en dû meist nei hûs ta gean, hwat silst dan dwaen?"
Doe sei dyselde: "Dan meitsje ik in kattepult en sjit alle fûgels dea."
De direkteur tocht: "Dat wurdt neat. Dy kin net nei hûs ta."
Doe bisocht er it mei de twadde. Doe moest d_ by him komme. Dy die 't selde forhaeltsje. Hy soe ek in kattepult meitsje as er los kaem en alle fûgels deasjitte.
De direkteur tocht: "dit wurdt neat, mar ik mat de trêdde dochs ek noch mar even ûnder myn gehoar ha."
Doe frege er de trêdde, hwat dy dwaen soe as er him los liet.
Doe sei dyselde: "As ik thúskom, dan sil 'k my earst ris skeare en netsjes forklaeije en dan kin 't wêze dat ik in bioskoopke pik, hwant ik haw yn gjin jierren yn 'e bioskoop west."
"En dan?" frege de direkteur.
"Nou, dan kuierje ik ris nei 't plantsoentsje en dan sil 'k ris sjen of ik ek in leaf famke op 'e kop tikje kin."
"Nou, en dan?" frege de direkteur.
"Nou," sei er, "dan geane wy even op in bankje sitten en hwat lekker frije."
"En dan?" frege de direkteur.
"Ja," sei de man, "mar hwat der nou komt is wol sa diskreet, it falt net ta dêr antwurd op to jaen."
"Ja," sei de direkteur, "mar dat sil wol matte, hwant as ik dy nei hûs ta stjûr, mat ik witte hwat der gebeurt. Oars kin der neat fan komme."
De man woe fansels heel graech nei hûs ta en dêrom sei er tsjin 'e direkteur: "Nou goed. Dan sil 'k prebearje om har it broekje út to luken."
"En dan? Hwat gebeurt der dan?" frege de direkteur.
"Dan helje ik it elastykje der út", sei de man.
"Hwerom dàt?" frege de direkteur.
"Nou," sei de man, "dan wol 'k in kattapult meitsje en alle fûgels deasjitte."

Beschrijving

De directeur van een psychiatrische inrichting houdt met drie mannen een gesprek om te zien of hij ze al kan ontslaan. De eerste twee zeggen, op de vraag wat ze zullen doen als ze weer thuis zijn, dat ze meteen een katapult zullen maken om vogels dood te schieten. De derde antwoordt dat hij zich zal scheren, omkleden, naar de bioscoop gaan, een meisje zoeken, op een bankje zitten, wat vrijen, haar broekje uittrekken om.... van het elastiekje een katapult te maken waarmee hij vogels dood kan schieten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1030, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

30 mei 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21