Hoofdtekst
Der wie in man, dy liet him it hier knippe by de kapper. Hy hie gâns in bosk hier op 'e holle, dat der kaem hiel hwat ûnder 'e skjirre wei.
Doe't de kapper mei him klear wie, pakte hy de biezem, tilde in lûkje op yn 'e flier en fage dêr it hier yn.
Doe sei dy man tsjin 'e kapper: "Dat is ek mar in fize biweging."
"O," sei de kapper, "dat kin my neat skele. Ik gean hjir maeije dochs wei."
Nou, dy fint dy't him knippe litten hat, strûpt de broek fan 'e kont ôf en dy skyt dêr samar yn 'e hoeke fan 'e skearsalon.
Doe sei de kapper: "Hwat hast nou by d'ein? Hwa skyt hjir nou by in oar yn 'e salon?"
"Nou," sei de man, "ik gean hjir aenst dochs wei?"

Beschrijving
Een man laat een hele bos haar knippen, en ziet dat de kapper al dat haar door een luik in de vloer wegveegt. Hij vindt dat maar vies, maar de kapper zegt dat hij toch morgen weggaat. Dan trekt de man zijn broek uit en gaat in een hoek zitten poepen. Als de kapper vraagt hoe hij daarbij komt, zegt de man: nou, ik ga hier toch zo weer weg.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1030, verhaal 20 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
30 mei 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21