Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103024

Een mop (mondeling), woensdag 30 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in doomny, dy hâldde in preek yn 'e tserke. Hy warskôge de minsken dat se net tofolle oandacht bisteegje moesten oan it al to wereldse as in gefolch fan 'e wolfeart dy't der hearske. Hwant der soe in tiid komme dat se gjers ite soenen, sels tusken 'e stiennen wei; sà'n krapte soenen se dan krije.
Der wie in lyts boerke, dy hie ek by de preek west en dy hie de earen net ticht hawn. Dy wie nochal hwat ûnder 'e yndruk fan 'e wurden fan 'e doomny. Hy tocht: ik mat der my al fêst yn oefenje as it sa fier komt dat ik gjers ite mat.
En doe gong er nei de greide en hy klaeide him út en roan neaken op hannen en fuotten om en bigoun krekt as in dier to gjersiten.
Tafallich kaem de doomny dêr lâns. Dy sei tsjin him: "Hwat ha jo by d' ein?"
Ja, doe sei dat boerke: "Ik bin al oan 't prebearjen om der alfêst oan to wennen gjers to iten lyk as jo yn jou preek foarspeld ha."
"Nou," sei de doomny, "en hoe foldocht it jo?"
"Och," seit er, "oars wol goed, mar ik kin de miggen net fan 'e rêch ôfhâlde. De sturt is to koart."

Beschrijving

Een dominee waarschuwt in de preek dat er tijden van minder welvaart zullen komen, en dat we misschien wel gras zullen moeten eten. Een boer is onder de indruk en besluit vast te oefenen. Hij gaat naakt op handen en voeten gras eten, als een dier. De dominee ziet hem en vraagt hoe het bevalt. De boer antwoordt dat zijn staart te kort is om de muggen van zijn rug te jagen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1030, verhaal 24 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

30 mei 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21