Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103025

Een mop (mondeling), woensdag 30 mei 1973

Hoofdtekst

Der wenne in slachter yn Burgum en dy hie in jong fanke yn tsjinst. En hoe giet it by de slachter? It bêste fleis giet faek nei in oar ta en it koartguod, dat hâlde se meast sels, lyk as de earen en de bargesturtsjes ensa. En dan sit der altyd wol in lyts bytsje hier oan.
Doe't it fanke dêr al in pear jier yn tsjinst west hie, kaem se ta de ûntdekking dat se al in bytsje hier om har premanske krige. En doe woarde se sa ûngerust, dat hja sei tsjin 'e frou: "Ik wol hjir wei."
De frou frege: "Hwerom dàt?"
"Nou," sei se, "wy krije altyd koartguod, dêr't wol gauris hwat hier oan sit. En nou ha 'k my nyskes forskjinne en nou bin 'k ta de ûntdekking kaem, dat ik al hier om myn kofjebeantsje krij."
De frou sei: "Och, leave bern, dat krije alle minsken, as se âlder wurde. Kom mar ris mei nei de sliepkeamer ta. Dan kinst it by my wol sjen. En as nou aenst de baes thúskomt, dan sil dy't dy ek wol sjen litte."
Doe't de baes der dan wie, gong it fanke mei de slachter nei de sliepkeamer ta en dêr liet er har it saekje sjen.
Mar doe fleach dat fanke as in gek nei ûnderen ta.
En sy sei: "Nou gean 'k tominsten fuort. Hwant by him komt it sturtsje der al troch."

Beschrijving

Een meisje was in dienst bij een slachter. Op een keer zei ze dat ze weg wilde. Want ze kreeg van al die varkens allemaal haar bij haar vagina. De vrouw van de slachter zei dat dat heel normaal was, en dat ze maar eens in de slaapkamer bij hen moest kijken. Toen de baas haar zijn zaakje liet zien, riep het meisje dat ze nu helemaal weg wilde: er groeide ook al een varkensstaartje aan.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1030, verhaal 25 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

30 mei 1973

Naam Locatie in Tekst

Burgum    Burgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21