Hoofdtekst
By frou Gerritsen yn 't Heidenskip wie in djûre stamboekbolle forkocht woarn. Mar doe joegen de minsken dy't him kocht hienen biricht, dat dy bolle woe net dekke.
Doe sei frou Gerritsen: "Stjûr my dy bolle mar wer. Dan krije jim de sinten werom."
Dat is gebeurd. Doe sei se tsjin har man: "Sil 'k dy sizze hwat wy dogge? Wy skriuwe nei de wûnderdokter yn Woarkum."
"Bist net wiis?" sei har man.
"Ja," sei se, "wy dogge it."
De wonderdokter kaem delsetten. Hy sette de bolle oan in line achter hûs en hy strykt him trije kear oer de rêch.
Doe sei er: "As jo nou in deunske kou ha, dan matte jim him mar ris prebearje. Mei trije dagen kom ik wer en dan matte wy it resultaet mar ris sjen."
Doe't er dy moarns kaem hie se in deunske kou en dy hied er dekt. Elke kear as de wûnderdokter kaem, gong er foar de bolle op 'e knibbels lizzen en dy bolle slikke him ôf, wylst er alle oare fremde minsken altyd op in distânsje hâldde.
Nei dy tiid dekte dy bolle elke kou.

Beschrijving
Een dure stamboekstier wil geen koeien dekken. De wonderdokter wordt erbij geroepen. Hij strijkt de stier drie keer over de rug en zegt dat ze het maar eens moeten proberen zodra ze een tochtige koe hebben. De eerste de beste keer lukt het meteen, en ook daarna dekt de stier iedere tochtige koe. Wanneer de dokter langskomt gaat de stier altijd meteen op zijn knieën liggen, terwijl hij andere mensen liever op afstand houdt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1040, verhaal 41 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
26 juni 1973
Naam Overig in Tekst
Gerritsen   
Heidenskip   
Woarkum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21