Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104059

Een mop (mondeling), dinsdag 26 juni 1973

Hoofdtekst

Yn 1917 wie 't in stringe winter.
Ik hie in neef dy wie skipper. Hy lei mei 't skip yn Beets. Dat lei dêr ynferzen.
Dy neef ried op in kear op redens oer de Burgumermar.
Hy wie op 'e weromreis nei Beets ta.
Dêr op 'e mar sjocht er ûnder 't iis hwat. Hy makket in gat yn 't iis en dan is dêr in iel. Dy leefde noch.
Doe die myn neef dy iel om 'e hals. Doe sleepte de sturt fan dy iel in ein achter him oan op it iis lâns. Sa'n knaep fan in iel wie 't. Doe slingere dy sturt fan dy iel bot hinne en wer. Der lei hwat snie op it iis, dat doe wie er meiiens oan 't baenfeijen.
Sa komt dy neef fan my op 'e Leijen. Dêr sit in guos mei de poaten yn 't iis fêst. Dat wie fuort by de einekoai. Der siet yn dy einekoai in ein to brieden. (yn dy stringe winter!)
Myn neef kapte dy guos út it iis wei en hinget him èk op 'e rêch. Dy guos kriget de iel yn 'e bek. En doe hie de guos de fleugels útspraet en doe't er yn Beets op 't skip kaem, doe wie 't noait liker as dat der achter him in trijehoek oer 't iis troch de snie gong wie, sa'n brede baen hied er makke.
Dat wie kaem troch de fleugels fan dy guos. Sa'n ein guos wie dat!
Myn neef fortelde: Wy ha fjouwer wiken iten fan dy iel en fan dy guos!

Beschrijving

Een neef, die schipper was, zag in een strenge winter een aal onder het ijs. Hij maakte een gat en de nog levende aal droeg hij om zijn hals. Even later bleek er een gans vast te zitten in het ijs. Ook die bevrijdde hij en gooide hem over zijn rug. De gans pakte de aal in zijn bek en spreidde zijn vleugels. Omdat het zulke enorme beesten waren, sleepte de schipper een hele driehoek achter zich aan en fungeerde zo als baanveger. Van de vette gans hebben ze nog vier weken kunnen eten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1040, verhaal 59 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

26 juni 1973

Naam Overig in Tekst

1917    1917   

Burgumermar    Burgumermar   

Leijen    Leijen   

Naam Locatie in Tekst

Beets    Beets   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21