Hoofdtekst
Fan Surhústerfean nei Surhuzum - men neamt it dêr Koartwâld - is in eintsje wei, dêr is it net plús.
Gjaltema fortelde my: "ik ha dêr faek lâns west by joun. As ik fan Surhústerfean kaem krige ik ûnderweis in grouwe houn opside mei in donkere kleur. Dy houn roan mei my op troch de Surhuzumer Mieden hinne. Dy houn sleepte oer de groun, 't wie in houn sûnder poaten.
Ik gong op in kear op 'e knibbels lizzen om 't better to ûndersykjen. Ik koe net ûnder syn bealch troch sjen.
As wy de Surhuzumer Mieden troch wienen gong dy houn wer by my wei. Mar op 'e weromreis wie hy der wer, op 't selde plak en dan roun er wer krekt sa fier mei oant wy op it plak kamen dêr't er op 'e hinnereis by my kaem wie.

Beschrijving
Bij de Mieden was het niet pluis. Gjaltema vertelde dat er een bepaalde plek was waar altijd een grote donkere hond met hem meeliep. Het beest had geen poten en sleepte met de buik over de grond.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1042, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 juni 1973
Naam Overig in Tekst
Gjaltema   
Naam Locatie in Tekst
Surhusterfean   
Surhuzum   
Koartwald   
Mieden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21