Hoofdtekst
De frou har heit fortelde: Ien fan 'e bern wie siik (miskien wie 't myn frou wol). 't Gebeurde yn Hynljippen. Dêr wie skoanheit doe oan 't wurk en hy hie de hiele húshâlding meinaem dêrhinne.
Der wie in bolkoerrinster, dy kom alle kearen fêst by heit en dy yn 'e hûs om kofje, en dan seach se ek altyd even by it bern.
Hy fortelde op 't wurk dat it bern tjirme. Doe seinen se tsjin him: "Dan sil de bolkoerrinster it bern wol bitsjoend ha. Jo matte duveldrek ûnder 'e drompel dwaen en sjen hwat der dan gebeurt." Dat hat skoanheit doe dien.
De oare moarns kaem de bolkoerrinster by de doar. Skoanmem sei: "Kom der mar yn."
"Né," sei de bolkoerrinster, "ik mat avanseare, ik ha 't net oan tiid." En fuort wie se.
Mar meiiens kaem der in fûgel oanfleanen yn 'e hûs.
"Ik ha slein om 't leven om dy fûgel der út to krijen," fortelde skoanheit, "mar it woe noait. Op 't lêst ha 'k in glês iepenmakke en doe fleach er ta 't glês út."
Fan dy stoune ôf wie 't fanke genezen.
De tsjoenster hie har yn in fûgel foroare. 't Wie in dou. Meastal foroarje tsjoensters har yn in swarte kat.
As men in fremde kat in skop joech lei de tsjoenster sa'n oare deis siik op bêd.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een van de kinderen was erg ziek en men verdacht de broodverkoopster ervan het betoverd te hebben. Toen er duiveldrek op de drempel was gesmeerd, kwam de broodverkoopster niet binnen. Even later vloog er een vogel binnen, die niet naar buiten wilde. Met veel moeite lukte het toch, en vanaf dat moment was het kind genezen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1042, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 juni 1973
Heks maakt kind ziek
Naam Overig in Tekst
Hynljippen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21