Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104229

Een mop (mondeling), woensdag 27 juni 1973

Hoofdtekst

Twa fervers wienen oan 't wurk by in âld minske mei in seare holle. It wie midden yn 'e simmer en gleonhyt waer.
De beide mannen hienen och sa'n sin oan in slokje. De iene sei tsjin 'e oare: "Soe 't âld-minske net hwat ûnder 'e koark ha?"
"Ik doar net to freegjen," sei de oare, "dû wol?"
"Wy meitsje har wiis dat wy hwat brûke matte om de ferve der mei to fortinjen", sei de earste.
Dat like de oare ek bêst ta.
En ja, hja hie wol in kopke jenever. Hja dronken it lekker op, doe't de frou fuort wie.
De oare deis kamen se wer by 't âld-minske. "Wy moasten eins noch hwat brûke", seinen se tsjin har.
"O, nou, dat kin gebeure", sei 't âld-minske. "Ik haw hjir wol in hiele kopfol."
De beide fervers dronken it allegear op.
Even letter kaem 't minske by har en sei: "Ha jim wol genôch? Der is wol mear hear, hwant ik brûk it altyd foar myn seare holle. Dêr ha 'k datselde ek foar brûkt dat jim hjoed en juster krigen ha."
Doe kaem it de beide fervers yn 't sin dat der koarsten yn 'e jenever omdreaun hienen. Hja hienen it foar stikjes koark fan 'e flesse oansjoen.
De oare deis hienen se gjin forlet fan jenever.

Beschrijving

Twee schilders werken bij een vrouwtje met hoofdpijn. Omdat het zo warm is lustten ze wel een borrel, maar durven het niet rechtstreeks te vragen. Ze vragen wat vocht om de verf te verdunnen, en drinken de jenever dan op zodra de vrouw uit het zicht is. De volgende dag zeggen ze dat ze nog wat nodig hebben en de vrouw brengt weer een kopje. Dan vraagt ze of het genoeg is en vertelt dat ze dat vocht ook voor haar hoofd heeft gebruikt. De mannen herinneren zich de korsten die erin dreven en die ze voor stukjes kurk hadden gehouden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1042, verhaal 29 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

27 juni 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21