Hoofdtekst
Der wie in hotelhâlder, dy hie in papegaei. Dy papegaei hienen se leard to sizzen: Hitler is dood! Dat wie yn 'e tiid fan 'e Dútske bisetting en der kamen ek wolris Dútsers yn dat hotel.
Doe kamen dêr yn dat hotel ris wer in kear Dútsers, dy hearden dy papegaei wit hoe lûd roppen: Hitler is dood!
Dy Dútsers wienen dêr troch steurd en waerden lulk. Sy gongen nei de hotelhâlder ta en seinen: "As jo dat dy papegaei net ôfleare en jo dogge him net fuort, dan giet it jo min ôf. Oer fjirtsjin dagen komme wy wer en seit er dan wer - Hitler is dood - dan nimme wy jo gefangen en wy brânne it hiele hotel op en jo komme der ûngenadich ôf. Hwant jo binne forantwurdlik foar de wurden fan dy papegaei.
De hotelhâlder fleach dy wyks alles ôf om in papegaei dêr't er tydlik mei ruilje koe. Doe hearde er fan 'e minsken dat de doomny èk in papegaei hie. Hy gong der hinne.
Dy papegaei like krekt op sines. Doomny hie him de wurden leard: - Laat ons samen danken -
Hy lei doomny it gefal út en it wie doomny bêst dat hja in skoftsje fan papegaei ruilen.
Fjirtsjin dagen letter, dêr kamen dy Dútsers wer yn 't hotel.
Se hearden net dat de papegaei sei Hitler is dood.
Doe gongen se foar it beest stean en seinen: "Hitler is dood, Hitler is dood!"
Doe sei de papegaei: "Laat ons samen danken."

Onderwerp
VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   
Beschrijving
De papegaai van de hotelkbaas heeft geleerd te zeggen: Hitler is dood. Als er een paar Duitsers in het hotel komen worden ze kwaad en dreigen dat als die papegaai dat over 2 weken nog zegt, het de hotelbaas niet best zal vergaan. De eigenaar weet dat de dominee een soortgelijke papegaai heeft en ze besluiten tijdelijk te ruilen. De papegaai van de dominee kan zeggen: laat ons samen danken. Als de Duitsers terugkomen willen ze weten of de papegaai nog steeds zijn zinnetje zegt. Ze gaan voor het dier staan en roepen: Hitler is dood, waarop de papegaai zegt: laat ons samen danken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1043, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
29 juni 1973
"Hitler is dood!"
Naam Overig in Tekst
Hitler   
Duitser   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21