Hoofdtekst
Der wienen twa âlde minsken, dy hienen noch noait earder yn 'e stêd west. Doe gongen se dan op in kear nei Assen ta. Hja dienen dêr har ynkeapen, mar tagelyk woenen se dêr in moaije dei fan meitsje.
Doe't it tolve ûre wie stapten se in hotel yn. Doe fregen se de ober hwat dêr allegearre to keap wie. De ober sei: "Kijk, daar is een kaart. Daar staat alles op wat je kunt krijgen."
Hja bistelden in útgebreid miel en hja ieten dêr lekker fan.
De man hiet fan Jan en it minske wie in Tryn.
Doe't se it miel nei binnen ta wurke hienen sei de boer tsjin 'e ober: "Hwer kin men hjir hwat kwyt wurde?"
De ober sei: "Wat bedoelt u daarmee?"
"Nou," sei Jan, "ik ha hwat tofolle iten en nou mat ik wer hwat kwyt."
"O," sei de kelner, "op die manier. Dan moet u naar de w.c."
"Ja," sei Jan, "dêr mat ik hinne."
Doe't er by de w.c. kaem en dêr sitten gien wie sei er by himsels: "Och, hwat is 't hjir allegear moai. Jy binne hjir suver yn in paleis."
Doe't er syn bihoeften dien hie, woe hy der wer ôfgean. Mar hy siet hwat fêst.
Hy tocht: hoe mat ik hjir wer ôfkomme?
Mar hy sjocht nei boven en dan wurdt er in koarde gewaer, dy't dêr hinget. Hy tinkt: miskien mat ik dêr wol oan lûke. Miskien reitsje ik dan wol wer los. -
Hy krijt it tou beet en lûkt der oan.
Mar dan bigjint er út alle macht to razen: "Tryn! Tryn! Help! Help! Hwant nou barst de blaes my ek noch!"

Beschrijving
Jan en Tryn zijn voor het eerst uit. In een restaurant vragen ze wat te eten. Daarna wil de man het weer kwijt. De ober wijst hem de weg naar de wc. De man vergaapt zich aan de prachtige inrichting. Als hij weer wil opstaan blijkt hij vast te zitten. Hij kijkt om zich heen en ziet een koord hangen. Daar trekt hij aan, maar dan roept hij angstig zijn vrouw: help nu barst ook nog mijn blaas.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1043, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
29 juni 1973
Naam Overig in Tekst
Jan   
Tryn   
Naam Locatie in Tekst
Assen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21