Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104306

Een mop (mondeling), vrijdag 29 juni 1973

Hoofdtekst

Hjir libbe froeger in boerke, dat hiet fan de Brún.
Dat boerke wenne yn 'e Falom. Hy wie soms in bytsje achterlik, mar de fékooplju koenen hast noait hwat fan him keapje, hwant hy gong yn 'e measte gefallen sels nei de merk ta mei syn fé. Hy tochte dat hy der dan it measte foar krige.
Op in kear hienen de trije fékooplju mei elkoar ôfpraet sy soenen de boer der ris tusken nimme. Hja wisten dat er mei in koukeal nei de merk ta soe yn Dokkum.
De fékooplju hien mei har trijen ôfpraet, dat de iene soe op 'e Breedte stean, de oare yn Moarmwâld en de trêdde by de Wâldpoarte to Dokkum. Hja hienen ôfpraet, hja soenen tsjin him sizze, as hy der mei in keal oan 't tou oankaem: Goeije morgen, de Brún. Ek mei in ezel nei de merk ta?
Dy moarns gong de Brún op stap. In keal oan 't tou. Hy komt by de Breedte, dêr stiet in fékoopman. Dy seit tsjin him: "Goeije morgen, de Brún, ek mei in ezel nei de merk ta?"
De Brún seit: "Hwat sizze jo dêr? Dit is net in ezel! Dit is in fijn koukeal."
"Dan ha jo de sliep noch net goed út, de Brún, hwant it is in ezel."
De boer stapt fierder en tinkt by himsels: "dy fint is net wiis. Dit is in koukeal en gjin ezel."
Hy komt yn Moarmwâld. Dêr stiet de twadde fékoopman. Dy seit itselde: "Goeije morgen, de Brún. Ook met de ezel naar de markt toe?"
"Dit is dochs net in ezel," seit de Brún, "dit is in koukeal."
"Hwatte?" seit de fékoopman. "Dat kinne jo as boer dochs wol sjen dat dat in ezel is? Sjoch mar ris nei de opsteande earen dy't er hat!"
De Brún bigjint al in bytsje to twiveljen, mar hy seit: "Ik lit my der net tusken nimme." En hy stapt wer fierder. Nou en dan sjocht er ris nei syn keal, mar dan seit er by himsels: "Né, dit kin net in ezel wêze."
Mar hy bigjint al aerdich to twiveljen.
Dan komt er yn Dokkum oan by de Wâldpoarte. Dêr stiet de trêdde fékoopman. En dy seit wer krekt itselde: "Goeije morgen, de Brún, ek mei de ezel nei de merk ta?"
"Ja," seit de boer, "ik wol prebearje as ik der noch in goeije priis foar meitsje kin."
"Och," seit de fékoopman, "ezels binne ommers neat wurdich. Dêr krijst op syn heechst fjouwer of fiif goune foar. De minsken sille aenst wol laitsje as jo dêr mei de ezel op 'e merk komme."
"Nou ja," seit de boer, "mar ik mat him dochs kwyt. Of wolle jo him miskien keapje?"
"Nou," seit de fékoopman, "ik wol him wol keapje, mar ik jow jo der net mear as fjouwer goune foar."
Doe sei de boer: "Foar fiif goune, dan kinne jo him krije. Dan gean 'k der net mei nei de merk ta."
"Goed," seit de fékoopman, "dan hoeve jo ek net fierder." En hy nimt it koukeal oer foar fiif goune.
De Brún makket sa gau mooglik dat er wer thúskomt.
Doe't er thús wie sei syn frou: "Bist dêr nou al wer?"
"Ja," sei er, "ik haw him ûnderweis noch forkocht. Mar hiestû wol sjoen, Wytske, dat it in ezel wie?"
"In ezel? In ezel, seiste? Dû bist in ezel, mar 't koukeal net."
"Wier frou, wy ha ús raer op it beest forsjoen. It wie werklik in ezel. Hwant der stie in fékoopman op 'e Breedte en ien yn Moarmwâld en ien yn 'e Wâldpoarte to Dokkum. En dy seinen alle trije dat ik hie in ezel oan 't tou. Hwat bin ik bliid dat ik der net mei op 'e merk kaem bin. Ik hie my deaskamme!"
"Och fint," sei se, "sy ha dy der foargoed tusken hawn. It wìe net in ezel. Dat ha se grif mei har trijen ôfpraet om dy der yn to lúzjen."
"Nou," sei de boer, "dan krij ik har wol wer, as se my der ynluze ha."
En dan giet dy boer nei de smid ta. En dêr lit er in blikkene pet meitsje.
Doe gong er nei Ljouwert ta en doe by in stik of seis hotels lâns. By elke kastlein brocht er 25 goune en hy sei: "As ik hjir de iene of oare dei mei trije fékooplju kom, dan traktearje ik har. Mar ik sil der wol foar soargje dat ik net boppe de bigroating fan 25 goune kom. Ik haw dan in blikkene pet op en as ik dy omdraei mei de kleppe nei achteren ta en ik rop: "'t Is betaald, kastelein," dan matte jo sizze: "'t Is betaald." Sa praet er mei alle seis kasteleins ôf. Dy grap kostet him 150 goune, mar hy is der wis fan dat er it jild der wol wer út hellet.
Dan giet de Brún nei de fékoopman ta dy't it koekeal fan him kocht hat en hy seit: "Hwat bin ik bliid dat jo my fan 'e ezel ôfholpen ha. Ut tankberens wol ik jo nochris in moaije dei bisoargje en jo gratis traktearje."
Hja sprieken in dei ôf dat se mei har fjouweren nei Ljouwert ta soenen. It earste it bêste hotel dêr't se oankamen gongen se nei binnen ta en dêr traktearre de Brún de fékooplju op forskeidene konsumpsjes.
"Nou," sei er op 't lêst, "wy matte hjir ek mar ris wer wei, hwant wy wolle noch nei folle mear gelegenheden ta."
Hja seinen tsjin 'e boer: "Hwat hastû dêr in eigenaerdige pet op."
"Ja," sei er, "dat is in wûnderpet. Ik hoef dy pet mar even om to draeijen en tsjin 'e kastlein to sizzen: ''t is betaald', of de kastlein seit: 'Ja, 't is betaald'. Dat sille jim aenst sjen."
De boer kaem oerein, rôp de kastlein, draeide de blikkene pet om mei de kleppe nei achteren en sei: "'t Is betaald, kastelein, hè?"
"Ja hoor," sei de kastelein, "'t is betaald."
De fékooplju seagen de boer ris oan en tochten: "Dit is al hwat." Mar se seinen fierder neat.
"Kom," sei de boer, "nou geane wy nei in oar hotel ta. Nou sille wy dêr de blomkes noch ris bûten sette."
Dêr sieten ek in stik of hwat gasten yn 't hotel.
"Nou," sei de Brún, "de gasten kinne ek wol in konsumpsje mei ús drinke. It hindert ús dochs neat, hwant de pet bitellet it wol."
Doe't se forskeidene buorreltsjes dronken hienen, sei de boer: "Wy matte hjir ek mar wer wei, hwant der stiet noch mear op 't programme."
En hy draeide syn blikkene pet wer om mei de kleppe nei achteren en sei: "'t Is betaald, kastelein, hè?"
"Ja," sei de kastlein, "'t is betaald."
Doe gongen se nei it trêdde hotel ta. Dêr sei de Brún: "Nou matte wy hjir mar ite, hwant wy ha safolle buorrels hawn, wy kinne oars aenst op ús fuotten net mear stean." En hja bistelden in útgebreide mieltyd.
De fékooplju hienen al ris ûnder elkoar flústere en seinen tsjin elkoar: "As 't hjir krekt sa giet as yn 'e oare hotels matte wy sjen dat wy dy pet keapje kinne."
Yn it trêdde hotel gebeurde wèr itselde. Doe't se genôch iten hawn hienen kom de boer oerein, draeide syn blikkene pet om, mei de kleppe nei achteren en rôp: "Kastelein, 't is betaald."
"Ja, 't is betaald", sei de kastlein.
Doe seinen de fékooplju tsjin him: "Hwat wolle jo foar dy pet ha, de Brún?"
"Dy pet? Dy forkeapje ik net, of ik moest der in hele protte jild foar barre kinne. Mar ik wol him oars net misse."
"As wy ris hûndert goune joegen?" sei de fékoopman.
"Hondert goune? Hoe komme jimme der by", sei de boer.
"Né, as ik him àl forkeapje, dan matte jim earst mar ris tûzen goune biede."
"Nou, fiifhûndert goune dan", seinen de fékeaplju.
"Né," sei de Brún, "foar minder as tûzen goune doch ik it net. Mar dan matte jimme my fuort bitelje."
"Akkoart," seinen se, "wy keapje dat petsje." En hja bitellen de boer tûzen goune.
Ien fan 'e trije hearen sette de pet op, hja groeten de Brún en doe stapten se mei har trijen de stêd yn en doe gongen se nei it allergreatste hotel: de Klanderij.
Dêr sieten hiel hwat minsken.
Mar de fékooplju seinen tsjin dy minsken: "Minsken, jimme kinne krije hwat jimme ha wolle. Wy traktearje hjoed." Dat wie net tsjin dôvemansearen sein.
De ober giet bylâns. De iene bistelde dit, de oare dat.
Der sieten sa'n fyftich minsken en dy dienen har allegear to goed, hwant sa'n traktaesje krigen se net elke dei.
Hja hienen der sa'n twa ûren sitten. Doe seinen de trije hearen: "Nou matte wy hjir mar wer wei, net? Wy sille ek wolris in kear wer nei hûs ta matte."
"Nou," sei de ien, "dan matte wy mar even de pet omdraeije."
De man dy't him op hie draeide de blikkene pet om mei de kleppe nei achteren en sei: "Kastelein, 't is betaald, hè?"
"Wat bedoelt u?" frege de kastlein. "Dit wordt nogal een hoge rekening. 'k Zal 't even uitrekenen. Het wordt met elkaar 136 gulden."
De trije fékeaplju waerden tige kjel. Hja bitellen de kastlein en doe't se bûten wienen seinen se: "Dy forrekte boer! Dat sille wy him bitelle sette! Hwant hy hat ús der foargoed tusken nom!"
De Brún kaem thús en fortelde syn frou alles hwat der gebeurd wie.
"Dit is net bêst," sei de frou, "hja komme hjir grif."
Doe sei de boer: "Ik sil gau nei de lykkistefabryk ta en in kiste bistelle en dan gean ik dêr yn lizzen.
As dan dy fékeaplju hjir komme, dan mastû mar fortelle dat ik krekt stoarn bin."
Dat gebeurde. De Brún krige in deakiste thús. En elke dei siet er foar 't finster út to sjen as de fékooplju der ek oankamen.
In dei of hwat letter wie 't sa fier. Dêr kamen se mei har trijen delsetten.
De boer gong gau yn 'e kiste lizzen en pakte noch in great breames dat er njonken him dellei. De frou die 't lid op 'e kiste. Doe gong se by de kiste sitten to skriemen mei beide hannen foar de egen. Hja die krekt as wie se tige treurich.
Ynienen gong de doar iepen en dêr klonk in lûde stem:
"Is der folk yn?"
De frou gong nei de doar ta, en sei skriemend: "Hwat boadskip ha jimme?"
"Wy matte fuortdaliks jou man sprekke", seinen se.
"Dat kin net mear," sei se, "hwant it is hjir net sa bêst. Witte jim dat noch net? Myn man is juster stoarn. Hy leit al yn 'e kiste."
"Dêr leau ik neat fan, jo lige ús hwat foar", sei de iene.
"Hwer is er? Lit ús dan dy kiste ris sjen", sei in oaren.
Doe gongen se de keamer yn, en ja, dêr lei de man yn 'e kiste.
"Greate smearlap," sei de iene tsjin 'e man dy't yn 'e kiste lei, "dû hast ús der goed tusken hawn, hè, mei dyn blikkene pet."
"Hwat sille wy him dwaen?" sei de twadde. "Sille wy him yn stikjes hakje?"
De Brún, yn 'e kiste, hearde dat allegear en trille as in blêd oan 'e beam.
De trêdde sei: "Wit jim hwat wy dogge? Ik mat noadich út 'e broek en hwat der komt, dat mat er mar mei ha."
En hy die it lid fan 'e kiste en gong der boppe op sitten. Mar doe krige de Brún it mes en sei mei in stem as in tongerslach: "Hjir smarge koopman, hastû in krús oer dyn krintebôlle", en hy snie ta.
De hearen fékooplju waerden doe ynienen sa bang alle trije dat hja rounen hals oer de kop ta 't hûs út en de boer hat noait wer lêst fan dy mannen hawn.
(dit fortelde heit)

Onderwerp

AT 1539 - Cleverness and Gullibility    AT 1539 - Cleverness and Gullibility   

ATU 1539 - Cleverness and Gullibility.    ATU 1539 - Cleverness and Gullibility.   

Beschrijving

Een licht achterlijke boer gaat met zijn koekalf op weg naar de markt, om dit te verkopen. Onderweg naar de markt komt hij drie keer een veekoopman tegen die vraagt hoeveel hij voor zijn ezel wil hebben. Op het laatst is de boer ervan overtuigd dat hij inderdaad een ezel heeft meegenomen, en hij verkoopt het dier voor maar vijf gulden. Later komt de boer erachter dat hij belazerd is. Hij zegt tegen zijn vrouw dat hij ze terug zal pakken. Hij doet een blikken pet op en gaat daarmee langs 6 herbergen met 25 gulden voor elke herberg. Hij spreekt af met de kasteleins dat als hij later terugkomt met anderen, op het moment dat hij zijn pet achterstevoren draait en vraagt of het betaald is, het antwoord zal krijgen dat dat inderdaad zo is. Hij komt de drie veekooplui tegen en nodigt ze uit voor een drankje. Hij neemt ze mee van de ene naar de andere herberg voor drinken of eten. Zodra hij dan zijn pet omdraait, roept de herbergier 'betaald'. De veekooplui willen de wonderpet graag kopen. Voor duizend gulden kopen ze hem.
De boer is bang voor het moment dat de drie hun verhaal zullen komen halen. Hij koopt een lijkkist en spreekt met zijn vrouw af dat hij daar in zal gaan liggen zodra de drie aanbellen. Op een dag zien ze ze aankomen en de boer snelt, met een broodmes, de kist in. De veekooplui vertrouwen het eerst niet. Ze zijn kwaad op de boer en een van hen stelt voor in de kist te plassen. Hij gaat op de kist zitten, maar dan horen ze een donderdende stem zeggen: hier, smerige koopman, heb je een kruis over je krentebol, en hij snijdt toe met zijn mes. De kooplui rennen zo snel ze kunnen het huis uit.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1043, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

29 juni 1973
Cleverness and Gullibility & AT 1551 The Wager that Sheep are Hogs

Naam Overig in Tekst

De Brun    De Brun   

Falom    Falom   

Breedte    Breedte   

Moarmwald    Moarmwald   

Waldpoarte    Waldpoarte   

Wytske    Wytske   

Naam Locatie in Tekst

Dokkum    Dokkum   

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21