Hoofdtekst
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale.
Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme.
't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se bûten neat sjen koenen. De doarren moesten goed fêst en alles moest goed ticht wêze, ek de skoarstiens.
De tsjoenster mocht neat sjen kinne en se mochten har der perfoarst net ynlitte. Al hwa't by de doar kaem moest bûten bliuwe.
In panne mei wetter moesten se op it fjûr sette mei nuddels en spjelden deryn, en dy moest siede.
It kessen moesten se fan 't bêd helje en dat iepentoarne.
Dat ha se dien, dêr sieten krânsen yn. As der trije krânsen foltoaid wienen, dan wie 't bern dea.
Der kamen twa hiele krânsen út en ien dy wie noch mar heal klear. It wie dus noch net to let.
De tsjoenster kaem by de doar, mar hja waerd der net ynlitten.
De duvelbander hie sein, as der de oare moarns in frou kaem mei in doek om 'e holle, dan wie dat de tsjoenster. Dan hienen de spjelden en nuddels har allegear yn 'e holle stutsen en dêrtroch wie de holle iepen rekke en moest se der in doek om ha.
De oare moarns kaem de buorfrou by har mei in doek om 'e holle. Doe wisten se dus mei sekerheit hwa't it bern bitsjoend hie.
Fan dy stounen ôf waerd it jonkje better.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Kind dat naast tovenares woont is ziek. Op advies van duivelbanner verduisteren ze het huis, vergrendelen deuren, maken alle gaten dicht. Niemand mag binnenkomen. Ze moeten in een pan water naalden en spelden koken, het hoofdkussen openmaken. Als er drie kransen af zijn zal het kind sterven. Ze vinden twee kransen die klaar zijn en een derde die half af is. De vrouw die de volgende ochtendmet een doek om het hoofd komt is volgens de duivelbanner de heks. Zij is gestoken door de spelden en naalden. Het kind is beter geworden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1045, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 juli 1973
Heks maakt kind ziek; TM 3109: Heksenkrans in kussen
Naam Overig in Tekst
Jan Mulder   
Luts   
Ritske Ale   
Houtigehaagsterwijk   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehaechsterwyk   
Plaats van Handelen
Houtigehage (Friesland)   
Kloekenummer in tekst
B098b   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21