Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104523

Een mop (mondeling), maandag 02 juli 1973

Hoofdtekst

Der wie in doomny, dy kaem to preekjen yn in vacante gemeente. De doomny dy't dêr earder stien hie, hie altyd gâns lêst fan 'e jonges. Dy sieten op 'e krêke en hienen altyd in bulte leven.
De âlderlingen warskôgen him. Hja seinen, hy moest de jonges mar goed it leksum lêze as se wer oangongen. De foarige doomny dêr hienen de jonges gjin ûntsach foar hawn.
"Och," sei de doomny, "dêr sil 'k my wol trochhinne helpe."
Doe't it dan safier wie dat de tsjinst bigjinne soe kaem de doomny yn 'e tsjerke mei in dikke stien ûnder 'e earm.
Dêr gong er mei de preekstoel op en hy lei him foar op 'e preekstoel del. Sa koe elkenien dy stien goed sjen.
De jonges op 'e kreake seagen der hyltyd nei yn 'e stille forwachting hwat dêr fan komme mocht, dat dy wienen it hiele ûre sa stil as in mûske.
Mar der gebeurde neat.

Onderwerp

VDK 1833H* - De steen op de preekstoel    VDK 1833H* - De steen op de preekstoel   

Beschrijving

Ouderlingen raden nieuwe dominee aan jongens die lawaai maken tijdens de dienst stevig de les te lezen. Dominee komt de kerk binnen met een dikke steen onder de arm die hij voor hem op de preekstoel legt. De jongens zijn hele dienst in stille afwachting wat er gaat gebeuren.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1045, verhaal 23 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 juli 1973
De steen op de preekstoel

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21