Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104601

Een sprookje (mondeling), maandag 02 juli 1973

Hoofdtekst

Hâns en Grytsje dy wienen de bosk yn to houtsprokkeljen. Hja hienen it thús hiel earm.
Doe't se in hiel ein fuort wienen seagen se midden yn 'e bosk in moai húske stean fan allerhande spekulaes en sûkerguod. Hja bigounen dêrfan to iten, hwant se hienen honger, mar doe kaem der ynienen in heks ta 't húske út. Dy pakte de beide bern.
Doe brocht dy heks Hâns yn in hok mei traeljes der foar en Grytsje naem se mei yn 'e hûs. Dy moest foar har arbeidzje.
Hâns wie och sa meger hwant by harren thús wienen se earm en de bern krigen net folle to iten. Elke dei moest Grytsje nei him ta om to sjen of er al hwat dikker waerd. Hwant de heks woe it jonkje fetmeste en as er goed fet wie woe se him opite.
It jonkje stuts alle dagen syn finger troch de traeljes fan it hok as Grytsje kaem. Dêr moest Grytsje oan sjen as er al dikker waerd.
Op it lêst, doe wie 't sa fier, doe wie er dikkernôch.
Doe wie der al aerdich hwat tiid oer forroun. De heks gong sels nei it hok ta en sy sei: "Sjesa, nou kinst wol dea. Ik sil dy aenst slachtsje, dû sjochst der bêst út. Dan ha wy hwat yn 'e panne."
Dat hearde Grytsje allegear.
De heks hie in greate pot mei wetter oer 't fjûr, dêr soe Hâns yn sean wurde.
Doe sei de heks tsjin Grytsje: "Sjoch dû ris even hoe hyt it wetter al is."
Mar doe sei Grytsje: "Dêr bin ik to lyts foar, ik kin der net bykomme."
Mar de heks wie ek net sa botte great. Doe sei Grytsje: "Ik sil even in stove foar jo krije, dan kinne jo wol by 't wetter komme."
Doe gong de heks op 'e stove stean om to sjen hoe hyt of it wetter wie. Dat stie al to sieden.
Mar hwat Grytsje docht? Dy wipt har foaroer yn 'e pot mei siedend wetter. Doe wie dy heks fuort forbrând.
Doe gong Grytsje gau nei Hâns ta. Hja forloste him út it hok en doe binne se togearre gau nei hûs ta set.
Och, och, hwat wienen heit en mem bliid doe't se de beide bern wer seagen!

Onderwerp

AT 0327A - Hansel and Gretel    AT 0327A - Hansel and Gretel   

AT 0327A - Hansel and Gretel    AT 0327A - Hansel and Gretel   

Beschrijving

Hans en Grietje kwamen uit een arm gezin. Op een dag waren ze hout aan het sprokkelen in het bos, toen ze een huisje vol suikergoed zagen. Plotseling kwam er een heks te voorschijn, die Hans achter de tralies zette en Grietje beval voor haar te werken. Ze wilde Hans vetmesten om hem uiteindelijk op te eten. Toen hij eindelijk iets dikker werd, zette de heks een ketel water op het vuur. Ze vroeg Grietje te controleren of het water al kookte, maar die zei dat ze er niet bij kon. Ze raadde de heks aan op een stoof te gaan staan. Zodra de heks daar op stond duwde Grietje haar voorover in het reeds kokende water. De heks verbrandde en Grietje bevrijdde haar broer. Ze gingen snel naar hun ouders terug en iedereen was blij.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1046, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 juli 1973
Hansel and Gretel

Naam Overig in Tekst

Hans    Hans   

Grietje    Grietje   

Grytsje    Grytsje   

Naam Locatie in Tekst

Hâns    Hâns   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21