Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104701

Een sprookje (mondeling), dinsdag 03 juli 1973

Hoofdtekst

Der wie ris in fanke, dat wenne by har styfmem. Der wienen nòch twa famkes yn 'e hûs, dat wienen har styfsusters. Fan dy styfsusters hie de iene mar ien eech, en de oare hie trije egen.
De styfmem en de beide styfsusters bihandelden it famke tige min. Hja moest it swierste en smoarchste wurk dwaen en elke dei moest se der op út om de geit to hoedzjen. As se dan jouns let thús kaem dan krige se in lyts poarsje iten dat har beide styfsusters stean litten hienen. Dat wie foar dat famke lang net genôch en sa kaem it dat hja sa'n hiele dei de honger yn 'e hals hie. Gjin wûnder dat it bern swiersettich woarde en faek siet to gûlen.
Op in kear wie se der wer mei de geit op út. It bern hie och sa'n honger en hja siet yn 't gjers to gûlen.
Doe kom dêr in âld wyfke by har. Dy sei: "Dû hoechst net sa to skriemen, famke. Dû kinst alle dagen wol lekker iten krije. Ik bin in fé. Ik sil dêr wol foar soargje.
Dû mast tsjin 'e geit sizze:
Geitje, strek je,
tafeltje, dek je.
Dan silste sjen, dan stiet der in miel foar dy ré."
Doe't it âld wyfke fuort wie, sei it famke fuortdaliks tsjin 'e geit:
Geitje, strek je,
tafeltje dek je.
En hja hie 't net sein of dêr stie in tafel foar har mei allerhande lekker iten der op. It fanke iet har sêd.
Doe't se sêd wie, sei se tsjin 't geitsje:
Geitje mek,
tafeltje weg.
Hwant dat hie 't âld-wyfke har èk noch leard. En opslach wie alles fuort.
Alle dagen iet it famke har nou lekker sêd. As se thús kaem woe se neat mear ha. Hja hie gjin forlet mear fan 'e klykjes fan har susters.
Mar it bigoun yn 'e gaten to rinnen. De styfmem en de beide styfsusters tochten: hoe kin dat, dat se noait mear honger hat? En dochs sjocht se der bêst út. It kin net oars of hja mat ergens tomûk ite. Doe sei de styfmem tsjin har beide dochters: As hja moarn wer mei de geit to weidzjen giet mat ien fan jimmes mar ris mei om to sjen hoe't dat sit.
Doe soe dan de dochter mei 't iene eech mar mei.
Mar it famke krige 't yn 'e gaten hwerom har styfsuster meigong.
It âld wyfke kaem stikum by har, sûnder dat de styfsuster it seach en flústere har ta: As hja aenst yn 't gjers lizzen giet mastû sjonge:
Eenoogje, slaap je?
Eenoogje, slaap je?
Dan falt se yn 'e sliep en dan kinstû dyn gong gean mei iten.
It famke folge dy ried goed op en doe't har suster yn 't gjers lei bigoun it famke to sjongen:
Eenoogje slaap je?
Eenoogje, slaap je?
It duorre net mâlle lang of it each foel har ticht en de styfsuster lei to sliepen.
Doe koe it famke har gong gean. Hja iet en dronk oant se sêd wie, sûnder dat har suster it fornaem.
Omdat dit gjin resultaet hawn hie liet har styfmem de oare deis de dochter mei de trije egen mei gean. De fé flústere it famke tomûk ta: Tink der om, nou mastû sjonge:
"Drieoogje, slaap je?
Drieoogje, slaap je?
Dan kinst wer gewoan dyn gong gean en kinst wer lekker ite."
Mar doe forsinde it famke har. Doe't har suster lizzen gong om har to bispionearjen song se:
Tweeoogje, slaap je
Eénoogje, waak je?
Doe foelen it fanke mei de trije egen twa ta, mar it trêdde eech, dat midden yn 'e foarholle siet, bleau iepen, en dêr koe se alles mei sjen. En doe seach se hoe't har styfsuster it geitsje by har helle en hja hearde har de wurden sizzen:
Geitje mek,
tafeltje dek.
En hja seach in tafel forskinen mei allerhande kostlike spizen der op dêr't it famke fan bigoun to iten. Nou wie 't har wol dúdlik hwerom se thús gjin iten mear ha woe. Dit wie folle lekkerder as se it thús ea hawn hienen.
Doe't it famke har togoed dien hie hearde se har sizzen:
Geitje mek,
tafeltje weg.
En doe wie alles samar opromme.
Doe wist se dus dat dy geit toverje koe. Hja fortelde alles oan har mem thús en dy forgunde har styfdochter it lekkere iten noch mear as har beide eigen dochters.
Dy geit sil dea, sei se.
Doe skriemde it famke hiel bot.
Mar de fé kaem by har en dy sei: As se de geit slachtsje mastû freegje ofstû it hart ha meiste en dat hart dat mastû bidobje yn 'e groun foar dyn sliepkeamer.
De mem slachte de geit. It famke wie och sa treurich en hja frege skriemend om it hart fan 'e geit.
Dat koe se wol krije. Doe die se krekt lyk as de fé sein hie en hja bigroef it yn 'e groun foar har sliepkeamer.
Nou hoefde it famke der net mear mei de geit op út. Mar hja moast allegear smoarch en swier wurk dwaen en hja krige mar in hiel lyts bytsje to iten.
Ut it hart groeide in plantsje en dat plantsje foroare yn in prachtige beam, dêr't goudene apels oan kamen.
Dy beam stie krekt foar it finster fan it famke har sliepkeamer. It wie de beam fan it famke, mar de mem en de beide dochters seinen dat it har beam wie.
Mar hwat nuver wie, allinne it famke koe de goudene fruchten fan 'e beam plukke. Oars net ien. Al hoe't de mem en har beide dochters har bêst ek dienen, se koenen der noait in frucht ôf krije.
Doe gebeurde it op in kear dat der in prins lâns it hûs kaem. Dy ried op in prachtich hynder. Ynienen falt syn eech op 'e beam mei de goudene fruchten, en hy kriget sa'n sin oan sa'n gouden apel, dat hy seit:
"Dy't my dêr in apel ôfplukt, dêr wol ik mei trouwe."
Doe prebearre de dochter mei 't iene eech dêr in apel ôf to plukken, hwant hja woe graech mei de prins trouwe, mar hja skuorde en skuorde, it joech har neat. Hja koe der net in apel ôfkrije.
Doe prebearre de dochter it mei de trije egen, mar it gong har neat better ôf as har suster.
Op it lêst kaem it famke to foarskyn, hiel tafallich, en yn hiele skurve klean. Oare klean hie se net.
En doe't de prins har seach, frege er of hja ek in apel foar him fan 'e beam plukke koe.
It famke stuts de hân út en even letter joech se de prins in gouden apel. Doe wie de prins sa gelokkich, dat hy tilde har op en sette har foar op syn hynder en hy ried mei har nei syn paleis ta.
Der krige it famke hiele moaije klean en it duorre net lang of hja troude mei de prins.
It famke hie in goed hart en hja wie net lulk op har styfmem en har styfsusters.
Doe't dy letter ta de earmoed forfoelen hat hja se yn 't paleis komme litten, dêr't se tonei wenje mochten.
En hja libbe hiel lang en gelokkich mei har prins.

Onderwerp

AT 0511 - One-Eye, Two-Eyes, Three-Eyes    AT 0511 - One-Eye, Two-Eyes, Three-Eyes   

ATU 0511 - One-Eye, Two-Eyes, Three-Eyes.    ATU 0511 - One-Eye, Two-Eyes, Three-Eyes.   

Beschrijving

Een meisje woont bij stiefmoeder met twee dochters, waarvan één met één oog, en één met drie ogen. Het meisje wordt slecht behandeld, krijgt weinig te eten en moet de geit hoeden. Huilend van de honger komt een fee die haar een toverformule geeft waardoor ze elke dag genoeg te eten heeft. Thuis hoeft ze geen eten meer, wat in de gaten loopt. Stiefmoeder laat het meisje in de gaten houden.stuurt haar dochters om de beurt mee om te zien wat de oorzaak is. De fee geeft het meisje een liedje, waarmee het eenogige meisje in slaap valt. Bij het drie-ogige meisje vergist het meisje zich waardoor het derde oog open blijft en ziet wat er gebeurt. De stiefmoeder slacht de geit. Op advies van de fee vraagt het meisje om het hart dat ze voor haar slaapkamer moet begraven. Uit het hart groeit een boom met gouden appelen. Vreemd is dat alleen het meisje de gouden appelen kon plukken. Als een prins te paard de boom ziet zegt hij dat hij zal trouwen met degene die een gouden appel kan plukken. De twee stiefzussen lukt het niet, maar het meisje kan de prins een appel geven. Het meisje trouwt met de prins. Als de stiefmoeder en haar dochters tot armoede vervallen mogen ze in het paleis komen wonen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1047, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

3 juli 1973
One-Eye, Two-Eyes, Three-Eyes

Naam Overig in Tekst

Een-oogje    Een-oogje   

Twee-oogje    Twee-oogje   

Drie-oogje    Drie-oogje   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21