Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104807

Een mop (mondeling), donderdag 05 juli 1973

Hoofdtekst

Jan wie alle simmers yn 'e haeijng, doe't er noch jong wie.
As er thús kaem wie de draei extra fol jongfolk. Jan siet yn 't formidden mei de tûmen achter 't festje en dan spuide er de prûmkes yn 'e feart. En dan fortelle. Hy fortelde de hiele joune troch.
De boeren, dat wienen gjin bêsten, mar de froulju wienen noch folle minder. Dat wienen kringen. Hy fortelde:
"Us Foppe (syn broer) en ik soenen achter Boarnburgum yn 'e haeijinge.
Wy kamen dêr de moandeis. Wy krigen gjin waerm iten, mar de jouns sette it minske ús in stikmennich brochjes foar, mei neat der op. De bûter wie der hiel tin opsmard. Ik sei tsjin 'e boerinne: 'Boerinne, ik wol hielendal net sizze dat wy it thús sa bêst ha, mar ik krij altyd noch wol in stikje tsiis op it iten.'
Doe sei de boerinne: 'Och heden, nou, dat kinne jo hjir ek wol krije.'
De twadde jouns lei der in stikje tsiis op it brea.
De trêdde jouns lei der wer tsiis op. Doe sei Jan: 'Nou kin ik oan 'e tsiis sjen dat der gjin bûter op it brea sit. Ik sjoch dwars troch de tsiis hinne.'"

Onderwerp

AT 1561* - The Boy "Loses his Sight"    AT 1561* - The Boy "Loses his Sight"   

ATU 1561* - A Cure for Nearsightedness    ATU 1561* - A Cure for Nearsightedness   

Beschrijving

Jan vertelt over de gierigheid van boerinnen. Hij en zijn broer waren eens aan het hooien bij een boer. Ze kregen geen warm eten, maar 's avonds werd er een schaal brood neergezet. Er zat alleen boter op, en geen beleg. Jan zei dat hij thuis wel altijd een stukje kaas kreeg. Dat kon hij ook wel van de boerin krijgen. De tweede dag lag er kaas op brood, en de derde dag ook. Maar toen zei Jan: ik kan door de kaas heen zien dat er geen boter op zit.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1048, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 juli 1973
The Boy "Loses his Sight".

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Foppe    Foppe   

Naam Locatie in Tekst

Boarnburgum    Boarnburgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21