Hoofdtekst
Jan mocht graech in slokje en it gebeurde faek dat er oansketten thúskaem. Hy en syn suster Tsjits wennen togearre. Hja hienen in winkeltsje en Tsjits roan mei de koer mei boadskippen.
As der hwat wie, dat se net by har hie, dan brocht Jan dat meastal letter. Mar as it freed wie en Jan moest fan Ljouwert komme wie se der noait wis fan as hy by machte wie de boadskippen by lâns to bringen, fanwege de sûpkes. As dan de frou tsjin har sei: ik mat dat en dat ek noch ha, dan sei se:
Jan sil 't aenst wol bringe, as... (mear sei se net, de oare moest dan mar riede hwat se dêr mei bidoelde.)
Op in kear moest ús mem sjippe ha, griene sjippe, dat Tsjits net by har hie. Dat waerd forkocht yn in potsje fan ierdewurk mei twa earen, dêr't in tou troch siet.
Tsjits sei: "Jan sil 't aenst wol bringe, as..."
In skoft letter, dêr kaem Jan al oan. Mar hy hie oars net yn 'e hân as in touke mei twa earen, dêr't it troch hinne siet; gjin potsje en gjin sjippe.
Mem sei: "Hwat ha wy nou."
"'k Wie op 'e kolk," sei Jan, "by kok, dêr skoppe de jonges tsjin 'e pot oan en de pot stikken."
Mar mem rûkte wol hwer't him de oast siet.

Onderwerp
AT 1561* - The Boy "Loses his Sight"   
ATU 1561* - A Cure for Nearsightedness   
Beschrijving
Jan hield nogal van een slokje. Hij woonde met zijn zuster en samen runden ze een winkeltje. Soms hadden ze iets nodig, en dan bracht Jan het uit de stad mee, tenzij.... Op een dag had hun moeder groene zeep nodig, die werd verkocht in een aardewerken pot met twee oren en een touw erdoorheen. Jan kwam met de boodschap aanzetten, maar hij had alleen twee oren en een touw in zijn handen. Op de vraag waar de rest was gebleven antwoordde hij dat een stel jongens tegen de pot hadden geschopt en dat die stuk was gegaan. De dranklucht om hem heen verraadde echter wat er aan de hand was.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1048, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 juli 1973
The Boy "Loses his Sight"
Naam Overig in Tekst
Jan   
Tsjits   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21