Hoofdtekst
Jan Hepkes gong altyd nei de Fryske klaei ta to meanen.
Hy wie sa lui as de donder en woe as 't in bytsje koe gjin ylt yn 'e hannen ha en leafst ek gjin ark. - hy handele mar leafst hwat, dat koste gjin switdrippen.
Hy wie dêr ris op 'e klaei oan 't meanen, doe hoartte it ynienen hwat. Jan tocht, dat sil wol in dikke houtstikel wêze, dêr't ik mei de seine tsjinoan slein ha.
"Doe seach ik ris nei de sneed fan 'e seine, as dy ek òmlei," sei er, "en fordikke, doe hie 'k de fuorring der noch op sitten. Doe ik nei de stikel sjen. Doe wie dat net in houtstikel, mar it ûnderstik fan it harspit. De kop hie 'k der ôfmeand.
't Wie 't harspit noch fan forline jier, dat wie sitten bleaun."

Onderwerp
VDK 1888A** - Meestermaaier maait met de snedebeschermer nog om de zeis   
Beschrijving
Jan Hepkes beweerde dat hij tijdens het maaien er achter kwam dat de beschermer nog om de zeis zat, en dat hij ook merkte dat hij de kop van het haarspit er af had gemaaid.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 juli 1973
Meestermaaier maait met de snedebeschermer nog om de zeis & VDK 1888A*, De kop van het haarspit afgemaaid
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21