Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105016

Een sage (mondeling), donderdag 05 juli 1973

Hoofdtekst

Hearke wenne yn 'e Harkema. Op in moarn doe kaem Hearke yn 'e bijestâl, doe misten der twa strieëne bijekuorren dêr't elk wol 70 poun hunich yn siet.
Hearke hie in persoan yn 'e rekken, dy't dat dien hie.
Dat wie in man, dy wenne achter de Houtigehage.
Hearke gong dêrhinne. Dy man hie ek bijen. Doe't er dêr op 't hiem kaem seach er fuort wol dat de beide kuorren dêr by dy keardel yn 'e stâl stienen.
Doe't Hearke de klink fan 'e doar lichte wie dy keardel der oan kaem en doe hie Hearke him de hân jown.
Doe sei Hearke: "Noch soun?"
"Nou ja," hied er sein, "ik ken jou net."
"O né, kenne jo my net?" hie Hearke sein.
Hy loek alris, mar Hearke liet de hân net wer los.
Hy bigoun al hwat raer to sjen.
"Ja," sei Hearke, "dy woest wol wer los ha, tink, mar ik lit dy net los. Mar nou sil 'k it dy sizze: Justernacht binne der twa fan myn bêste kuorren bijen út myn stâl stellen en dat binne myn bijen en dy stean by dy yn 'e stâl, jonge.
Nou sil ik it dy sizze: Moarnmoarne as ik fan bêd kom matte se wer yn myn stâl stean. Ik mat dy net fornimme ast se wer bringst. Oars kinne de hannen my wolris to swier wurde."
De oare moarns stienen de kuorren wer by Hearke yn 'e stâl.
De Houtigehager hie respekt foar Hearke syn hannen.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Bij Hearke waren eens twee volle bijenkorven gestolen. Hij wist wie het had gedaan en ging naar de man toe. Hij gaf hem een hele stevige hand en liet niet meer los. Hij dreigde dat als de volgende morgen de twee korven niet weer bij hem in de stal stonden, zijn handen wel eens heel zwaar zouden kunnen worden. De volgende morgen stonden ze er weer.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 16 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 juli 1973
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Hearke    Hearke   

Sterke Jerke    Sterke Jerke   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Houtigehage    Houtigehage   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21