Hoofdtekst
Hearke hat stille plysje west. 't Wie Feanster merke en dêr wienen doe gjin ljochten lyk as nou. Alles waerd doe noch forljochte mei petroaljelampkes. Hearke moest yn 'e herberch by de toer wêze, dêr't nou van der Scheer wennet.
Op 'e bovensael wie 't dânsjen. Hearke giet nei boven ta.
't Is donker op 'e trap. Healwei de trap komt der in hân by syn festje en der wurdt in taest nei Hearke syn horloazje dien. Hearke fortelde letter: "Ik brocht ek even de hân by sines en doe hie 'k him beet. Dy ha 'k wol sa bot even knypt dat hy hat de hân noait wer útstutsen nei oarmans guod."

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Hearke moet in het donker de trap op naar de bovenzaal van een herberg. Halverwege voelt hij een hand richting zijn horloge gaan. Hij knijpt zo hard in de hand dat die nooit meer op zoek zal gaan naar andermans goud.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 17 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 juli 1973
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Hearke   
Feanster   
Van der Scheer   
Sterke Jerke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21