Hoofdtekst
Dyselde boer, dat wie in hiele deunen-ien. Hy hie in feint, dêr soed er ris in kear mei nei stêd ta, hwant dy feint hie noch noait yn Ljouwert west. Hja gongen dêr to foet hinne.
Underweis stieken se even oan to Burgumerheide yn it Boskhûs en dêr kocht de boer ien romerfol drank foar harren togearre. Om beurten dronken se dêr in swolchje út. Doe gongen se wer fierder.
Op 'e weromreis stieken se wer oan yn it Boskhûs. Doe bistelde de boer wer in romerfol foar harren togearre.
Doe't dy op wie hie de boer sein: "Wy binne nou dochs ienkear oan 't sûpen, wy nimme nòch ien togearre."
Doe't dy dan op wie stapten se wer nei 't Wytfean ta.

Beschrijving
Een boer ging met zijn knecht naar de stad omdat die daar nog nooit was geweest. Onderweg stopten ze bij het boshuis en bestelde de boer een roemervol drank waar ze om beurten van dronken. Op de terugweg deed hij hetzelfde. En toen de roemer leeg was zei hij: nu we toch eenmaal aan het zuipen zijn nemen we er nog maar een.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 26 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 juli 1973
Naam Overig in Tekst
Boskhus   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Burgumerheide   
Wytfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21