Hoofdtekst
Der wie in koopman, dy gong nei in boer ta om handel. Dêr wie in seldsum moaije faem yn 'e hûs, en de boer sei tsjin har: "Jit ús ris in bakje kofje yn, fanke. De koopman sil ek wol in bakje ha wolle."
Wylst dy faem de kofje ynjit en yn 'e buert fan 'e koopman komt, seit dy koopman tsjin 't fanke: "Ik woe wol fyftich goune jaen as ik dy ien klap tsjin 'e bleate kont jaen mocht."
"Nou," seit it fanke, "dan matte jo mar mei nei achteren ta komme, hwant ik wol net ha dat elkenien syn egen dêr oer gean."
Sy binne achter en hja lûkt de broek út en de koopman aeit mar hwat oer de bleate bibs hinne.
Doe sei dy faem: "Jow my nou dy klap."
"Né," sei de koopman, "dat doch ik net, hwant dat kostet my fyftich goune."

Beschrijving
Koopman komt bij boer die een prachtige dienstmeid heeft. Koopman zegt tegen haar dat hij 50 gulden geeft als haar een klap op haar blote kont mag geven. De dienstmeid zegt dat hij maar mee naar achteren moet komen, want ze wil niet dat iedereen het ziet. In het achterhuis trekt ze haar broek uit en de koopman aait wat over haar achterste. Als ze vraagt haar een klap te geven zegt de koopman dat hij dat niet doet, want dat kost hem 50 gulden
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1052, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 juli 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21