Hoofdtekst
In doomny kriget bisite fan twa âlderlingen. Hja bigjinne to praten oer alles en noch hwat en de doomny fortelt hwat er sa yn 'e wike allegear docht. "Bûten myn wurk," sei er, "mei ik graech lêze." De doomny is frijgesel.
"Lêst doomny dan yn 'e bibel?" freget de iene âlderling.
"Né," seit de doomny, "hwant ik haw in hiele ûtgebreide lêsbibleteek. Dat ik forfeel my noait. As ik tiid oer ha dan pak ik mar wer in moai boek. Hwant ik haw in kast fol boeken. Ik sil 't jim toane, dan kinne jimme sels sjen dat ik wol tiidkoarting ha."
Hy docht de kastdoar iepen en dan stiet syn húshâldster dêr pûrneaken yn 'e kast. Hja soe har forklaeije, mar doe't dy mannen der yn kamen wie se mar gau yn 'e kast kropen.
Doe't dy beide âlderlingen har dêr sa stean seagen, seinen se tsjin 'e doomny: "Ja, nou ha wy 't wol sjoen, dat jo jo noait hoeve to forfelen."

Beschrijving
Een vrijgezelle dominee krijgt ouderlingen op bezoek aan wie hij vertelt dat hij buiten zijn werk altijd graag leest en zich nooit hoeft te vervelen. Hij wil de ouderlingen zijn boekenkast wel laten zien, doet de deur open, en dan zien ze de naakte huishoudster erin zitten, die zich snel verstopt had toen ze onder het verkleden de mannen had horen aankomen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1052, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 juli 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21