Hoofdtekst
Der wie in man, dy wie bot oan 'e drank. Hast alle dagen siet er yn 'e herberch. De bern en de frou krigen mear slaen as iten as er thús kaem mei syn dronkene kont.
Nettsjinsteande dat wie 't minske dochs noch mâl mei de man.
Op in middei - doe wie 't iterstiid, doe sei se tsjin 'e âldste jonge: "Mast jimme heit even in pantsjefol waerm iten bringe."
Doe sei de jonge: "Werkt ús heit dan?"
"Né," sei se, "hy sit krekt lyk as altyd wer yn 'e kroech."
De jonge komt dêr yn 'e kroech en as de man it pantsje sjocht, seit er: "Dat is leaf fan mem."
Dan knopet er de doek los en tilt it lid op. En doe wie dat in lege panne, dêr't allinne mar in papierke yn lei. En dêr stie op: "Eet smakelijk. Wij hebben hetzelfde."
Doe gong der safolle yn dy man om, dat hy pakte de romer mei drank dy't op 'e tafel stie en sei tsjin 't jonkje: "Ik gean mei dy nei hûs." En der is him noait wer in drip drank oer de lippen kom.

Beschrijving
Vrouw is toch erg gesteld op haar man die alcoholist is. Laat oudste kind een pan warm eten naar de kroeg brengen. Man is vertederd. Als hij het deksel van de pan haalt vindt hij in de lege pan een briefje waarop ze hem smakelijk eten wenst en zegt dat zij en de kinderen hetzelfde hebben. De man is geroerd, gaat met het kind naar huis en heeft daarna nooit meer een druppel drank gedronken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1054, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 augustus 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21