Hoofdtekst
Der wie in mounder, dy hie trije soannen. Hja hienen ek alle trije in hynder.
De mounder wie âld en hy fielde dat er net sa lang mear libje koe. Doe liet er syn soannen by him komme.
Hy sei: "Jim steane my alle trije like nei. Mar ien fan jimme wol ik de moune ta ha. Jimme ride aenst nei jinsene fiver ta op 'e hynders en dy syn hynder der dan it lêst oankomt, dat wurdt de eigner fan 'e moune.
De trije soannen sprongen elk op har hynder. En doe rieden se fuort, op 'e fiver yn. Mar op healwei bleauwen se stean. Hja moesten om it stadichste ride. En dat koe noait. Se kommen net in stap mear foarút, hwant elk fan 'e trije woe graech de lêste wêze.
It wie in deaforlegene boel. En sa kaem der in skieppehoeder by har. Dy sei: "Hwat steane jimme hjir eigenaerdich."
"Ja", seinen se, en doe leinen se him har gefal út.
De skieppehoeder tocht even nei en doe sei er: "Mar dat is samar oplost."
Hwat wie de oplossing? (Hja forwikselen alle trije ûnder elkoar fan hynder en doe riden se om 't hurdst; hwant it gong der om hwa syn hynder der it lêst oankaem.)

Beschrijving
Een oude molenaar heeft drie zoons, de man weet dat hij niet lang meer te leven heeft en roept zijn zoons bijeen. Hij zegt zijn drie zoons dat diegeen wiens paard het laatst bij de vijver is de molen krijgt. Alle drie de zoons stappen op hun paard en rijden weg maar halverwege blijven ze stil staan. Een passerende schapenherder vraagt wat er aan de hand is en geeft hun de oplossing voor hun probleem : alle drie verwisselde van paard en reden vervolgens om het hardst want het ging er niet om WIE het laatst bij de vijver is maar WIENS PAARD.
Bron
corpus Jaarsma, verslag 1056, verslag 26 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
Mop doet kwa verhaalopbouw denken aan het sprookje AT 0563 (The Table, the Ass, and the Stick)
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21