Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105633

Een mop (mondeling), donderdag 16 augustus 1973

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie lêst fan aembeijen. Doe seinen se tsjin him, dan moest er nei dy en dy dokter ta gean, dy soe him der wol ôfhelpe.
Hy nei de dokter ta.
De dokter joech him pillen mei en sei tsjin him; dêr moest er jouns ien fan yn 'e anus dwaen. "Dan komme jo nei in wike mar wer by my," sei er, "dan sil 't wol oer wêze."
De boer rekke nei hûs ta, doe frege de frou him: "Hoe is 't gong?"
Sa en sa, sei er, "ik ha pillen en dêr mat jouns ien fan yn 'e anus." Doe sei er tsjin 'e frou: "Hwat is de anus?"
"Silst wol ynnimme matte," sei dy, "mar gean mar nei buorman ta en freegje dy; dy sil 't wol wite."
De boer dêrhinne. De buorman sei: "Yn 'e anus, dat wol sizze: gewoan in pil yn 't wetter dwaen en dy ynnimme."
Dat die de boer doe, in wike lang. Mar 't woarde net better yn dy wike.
Doe gong er wer nei dokter ta.
"Hoe is 't nou?" frege de dokter.
"Hoe't it nou is?" sei de boer. "Sil ik jo ris hwat sizze? Ik hie se krekt like goed yn 'e kont triuwe kind."

Beschrijving

Boer die last heeft van aambeien gaat naar de dokter. Dokter schrijft hem pillen voor die hij een week elke avond in de anus moet stoppen. Boer weet niet wat de anus is, vraagt buurman. Die geeft advies de pillen in water op te lossen en in te nemen. De boer volgt deze raad op, maar de kwaal geneest niet. Na een week gaat de boer weer naar de dokter en zegt dat hij de pillen net zo goed in zijn achterste had kunnen stoppen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1056, verhaal 33 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

16 augustus 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21