Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105803

Een sage (mondeling), dinsdag 25 september 1973

Hoofdtekst

Der wienen in feint en in faem, dy trouden. Mar doe't dy feint troud wie hâldde it wyfke him tige koart. De man krige noait gjin bûssinten.
Jouns, as er op bêd gong socht syn wiif de skoun en de sokken en de bûsen nei as der soms ek noch in dûbeltsje yn siet. Dan wie 't binnen.
Mar op in kear, doe fortsjinne hy in ryksdaelder, dêr't it wiif neat fan wiste. Hy tocht: "Dy kriget se net!"
Mar de jouns doe't er op bêd soe, tocht er: "Ja, hwer mat ik dy ryksdaelder nou forstopje. Hy kin net yn 'e skuon, hy kin net yn 'e sokken, hy kin net yn 'e bûse", dat hy naem him mar mei op bêd en hâldde him yn 'e hân.
Mar doe't er goed en wol op bêd lei, tocht er: "As ik nou aenst yn 'e sliep fal mei dy ryksdaelder yn 'e hân, bin 'k him ek kwyt." Hy tocht: "Ik knoopje him yn 't himd."
En dat gebeurde.
De oare moarns gong er nei syn wurk ta. Hy tocht nergens mear om, hwant hy wie gjin jild wend.
De jouns komt er thús en dan sjongt syn frou: "In rykske yn myn himd! In rykske yn myn himd!"
Hy seit: "Hwat mankeart dy?"
"Stel je foar," sei se, "ik waerd fan 'e moarn wekker en doe siet der in ryksdaelder yn myn himd biknope."
Doe kaem 't him yn 't sin. Hy hie by forsin de ryksdaelder yn 't forkearde himd biknope.

Onderwerp

VDK 1407* - De rijksdaalder in het hemd    VDK 1407* - De rijksdaalder in het hemd   

Beschrijving

Man heeft geen kans om eigen geld te hebben, want vrouw zoekt alles na. Van een verdiende rijksdaalder zegt hij niets, maar hij weet niet waar hij die moet verstoppen. 's Nachts houdt hij het geldstuk eerst in de hand, maar knoopt het dan in een hemd. Als hij de volgende dag thuiskomt vertelt zijn vrouw dat ze een rijksdaalder in haar hemd heeft gevonden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1058, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

25 september 1973
De rijksdaalder in het hemd

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21