Hoofdtekst
Op 'e hoeke fan 'e Houtigehage wennen froeger Sjoerd Frânses jonges, Jan en Auke. Dy wennen dêr mei har heit en mem. Auke en Jan gongen der in bulte togearre op út to mollefangen en to murdejeijen.
Op in nacht wienen se togearre op 'e Skieding by de Jankedobbe to murdejeijen. De hounen founen in murd, mar sy woenen net nei dy murd ta.
Doe sprong der Auke in dier op 'e nekke. Dat dier hie in swier gewicht. It wie sa swier, dat as Jan Auke net keard hie, dan wie hy der hinne ploft.
Mar sy hienen neat sjoen. De hounen wienen by elkoar krûpt, sa bang wienen se.
Dat wie ek in pleachbeest.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Bij een bunzingjacht vonden de honden van twee broers een bunzing, maar wilden de bunzing niet pakken. Een heel zwaar dier sprong ongezien op de nek van één van de broers. De honden kropen uit angst bij elkaar. Het was een plaagbeest.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn)
Naam Overig in Tekst
Sjoerd Franses   
Jan   
Auke   
Skieding   
Jankedobbe   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20