Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105913

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Feitse Mud tsjinne by in boer yn Oerterp. Achter Oerterp rint in loane dy giet ek nei Sigerswâld ta en op dy loane spûket it.
Dy boer hie in protte bijen en dy woarden elk jier yn 'e nacht nei de heide ta brocht. Dat gebeurde ris wer op in nacht. Doe't de bijen opladen wienen op twa weinen rieden de boer en Feitse Mud togearre fuort. Doe't se op 'e loane wienen gong de boer fan 'e wein en woe efkes rinne. Doe sei er tsjin Feitse: "Ho even, even sitte. Der rint in dikke houn hyltyd njonken my. Dêr ha 'k it net op bigrepen."
Feitse sei tsjin 'e boer: "Gean jo mar sitten, dan wol ik ek ris in eintsje rinne."
En doe krige Feitse dy dikke houn njonken him. Feitse sei: "Ik sil dy yn 'e sleat skoppe." Hy joech it beest in traep, dat dy kom yn 'e sleat tolânne.
Mar in fyftich meter fierder, dêr wie dyselde houn wèr njonken him. Doe joech er him noch fûler traep. Dat hy kom yn 'e toarnen tolânne. Hy rattele der oer.
Mar in fyftich meter fierder, dêr wie de houn wer. Wer deun njonken Feitse. Doe sei Feitse: "Trije kear is skippersrjocht." Hy joech de houn wer in traep. En doe sprong Feitse by de boer op 'e wein.
De beide hynders dreauwen yn 't swit, sa bang wienen dy.
Dy houn hat in pleachbeest west.

Onderwerp

SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

Een boer ging samen met Feitse Mud 's avonds zijn bijen na de wei toe brengen. Toen zij liepen wou de boer even gaan zitten omdat hij een dikke hond naast zich zag lopen. Feitse Mud schopte het beest de sloot in maar even later liep het beest weer naast hem. Toen schopte hij het de doornstruiken in maar daar liep het beest overheen. Een derde schopte Feitse het beest weg en sprong toen bij de boer op de wagen. De paarden waren bezweet van angst, het was een plaagbeest.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1059, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn)

Naam Overig in Tekst

Feitse Mud    Feitse Mud   

Naam Locatie in Tekst

Oerterp    Oerterp   

Ureterp    Ureterp   

Sigerswâld    Sigerswâld   

Siegerswoude    Siegerswoude   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21