Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106602

Een mop (mondeling), dinsdag 19 februari 1974

Hoofdtekst

Der wie in boerke, dat gong mei in hiele bêste koe nei de merk ta. Der wienen trije kooplju, dy wisten dat en dy praetten mei har trijen ôf, dat se it boerke der ris goed tusken nimme soenen. Hja gongen elk op in plak stean oan it paed dat fan it boerespultsje nei de merk ta gong, op in gelikense ôfstân fan elkoar. Dêr moest it boerke mei syn koe lâns.
Doe't it boerke oan 'e earste koopman ta wie, sei dy tsjin him: "Hwer sil dat hinne?"
It boerke sei: "Ik wol mei dit beest nei de merk ta."
"Ha-ha," sei de koopman, "dû mei dat beest nei de merk? 't Is ommers sa meger as branhout. 't Is in skarminkel! Dû hiest him folle better noch in pear maend fuorje kind."
Doe sei 't boerke: "It liket my raer ta hwatstû dêr seiste. My tinkt, dizze koe sjocht der bêst út."
De koopman sei: "Man, hwer ha jo 't oer! Dû silst it earst op 'e merk wol gewaer wurde!"
It boerke gong fierder. Doe't er wer in eintsje roan hie trof er de twadde koopman. Dy stie dêr ek oan 'e kant fan 'e wei. Hy sei: "Hwer sil de reis hinne?"
"Nei de merk ta", sei it boerke.
"Mei dy kou?"
"Dat is 't doel, ja."
"Och , leave jonge," sei de twadde koopman, "hoe kinstû mei sa'n beest nei de merk ta gean. It beest is ommers sa meger as branhout."
It boerke sei neat, mar hy gong fierder. Hy tocht ûnderweis: "Forsjoch ik my nou sà op 'e kou? Soe 't sa wêze lyk as dy twa kooplju sizze?"
Doe kaem er oan 'e trêdde koopman ta. Dy frege him ek al hwer't er hinne soe. En dy hearde al sa nuver op dat er dy koe op 'e merk forkeapje woe.
"Leave jonge," sei er, "hoe doarst dy mei sa'n meger beest op in paed to bijaen. En dan noch wol nei de merk." Doe sei er: "Ik haw in útstel. Omdatstû it bist, sil ik it bistke fan dy keapje. Ik wol der dy in skaplike priis foar jaen, safolle ast lang net op 'e merk barste."
It boerke tocht: "Fuort dan mar", dat de keap gong troch, de koopman kocht de kou.
It boerke gong net rjochtomkeard nei hûs ta, hy gong nei de merk. Doe't er dêr wie en de kij biseach en fan 'e prizen hearde dy't der foar bean woarden, tocht er: "Ja, blikstjinder, nou ha 'k my dochs bisodemiterje litten troch dy trije knapen. Hwant as ik nei dy bistjes op 'e merk sjoch, en ik hear hwat der foar bean wurdt, dan haw ik de helte wol to min bard." Doe tocht er: "Nou sil 'k sjen dat ik aenst dy trije knapen opspoare kin. Se sille hjir wol op 'e merk forskine. Dan geane se foar de bijl."
Doe gong it boerke in café binnen en dêr praette er hwat mei de kastelein ôf. Dêrnei bijoech er him wer nei de fémerk.
Dêr trof er de trije hearen al gau. Hy sei tsjin har: "Jonges, ik haw jimme nyskes dat bistje forkocht, en nou wol ik jim ek noch ris trakteare." Hwant dy trije kooplju dienen altyd yn 'e mande mei har trijen.
De mannen stompten elkoar ris oan en tochten: "Dit is in forduld moai spul. In bêste keap en noch in slokje ta."
Dat doe stevenen se mei har fjouweren nei de kroech ta. Doe't se dêr goed en wol by in taffeltsje sieten, sei it boerke tsjin 'e trije kooplju: "Hwat wolle jimme drinke, hearen?"
Nou, sy moesten elk mar in klearen ha.
It boerke naem sels ek ien. Doe sei er tsjin 'e kastlein: "Sille wy fuort even ôfrekkenje?" Mar tagelyk skoude er de kleppe fan 'e pet nei achteren, dat dy kom yn 'e nekke to sitten.
Doe sei de kastlein: "Jo hoeve neat to biteljen. Dit rountsje is fan my."
Doe sei it boerke: "Dan matte wy elk nòch mar ien ha."
En sa gebeurde 't ek. Hja krigen nochris ien en hy frege wer: "Hwat binne de kosten?" En hy skoude de kleppe fan 'e pet wer yn 'e nekke.
Doe sei de kastlein: "Jo hoeve neat to biteljen."
"Nou," sei it boerke, "foaruit, dan nimme wy nòch ien." Dat gebeurde, en dat gong sa noch in kear of hwat troch. Op 't lêst hienen se al in aerdige skeut hawn. En elke kear as de boer bitelje soe draeide er de kleppe nei achteren en dan sei de kastlein prompt: "Jo hoeve neat to biteljen."
Dy mannen dy fornamen dat en dy seinen tsjin him: "Hoe hastû dat sa? 't Is iderkear mar: Jo hoeve neat to biteljen. En hwerom draeistû eins dy pet iderkear op 'e kop om?"
"Wel," sei it boerke, "sadra't ik de pet omdraei, mei de kleppe yn 'e nekke, sil idere kastlein tsjin my sizze: - Jo hoeve neat to biteljen -"
"Sit him dat dan yn 'e pet?" frege ien fan 'e kooplju.
"Ja," sei it boerke, "dat sit him yn 'e pet. Dy pet, dat is in erfstik út 'e famylje."
Dat koenen dy mannen har net bigripe. Fan sa'n pet hienen se noch noait heard.
"It is dochs sa," sei it boerke, "ik sil 't jim noch wolris sjen litte. Kastlein," sei er, "bring ús noch in rountsje." En tagelyk draeide er de kleppe fan 'e pet wer nei achteren ta. Doe't er frege: "Hoefolle kostet it" sei de kastlein fuortdaliks: "Jo hoeve neat to biteljen."
"Sjochst nou wol?" sei de boer.
De kooplju mochten stik foar stik graech in buorreltsje, dat, se woenen neat leaver as dy pet yn har bisit ha.
Se seinen: "Wolst him forkeapje?"
It boerke sei: "Né, hearen, dy pet is foar gjin jild ter wereld to keap."
Doe sei de iene koopman: "Ik jow der dy hûndert goune foar."
Mar 't boerke sei: "'t Liket my nei fleanen net."
Doe sei de twadde koopman: "Sil ik it dy ris sizze: ik jow der dy fiifhûndert goune foar."
Doe sei it boerke: "Der mat noch ien kear fiifhûndert by."
"Nou," sei de trêdde, "as ik dy dat bidrach dan bied, is de pet dan fan my?"
It boerke sei: "Dan mast earst mar ris biede."
Doe sei de koopman: "Hjir hast tûzen goune."
Doe sei 't boerke: "Gelok." En de koopman krige de pet. Dy sette er fuort op 'e holle. Doe sei er tsjin 'e kastlein: "Kastlein, ik jow in rountsje!"
Hja dronken wer in romerfol. En doe sei de twadde koopman: "Der mat ek noch mar ien fan my oerhinne."
En doe't se dy romer ek leech hienen, sei de tredde: "Nou noch ien fan my, kastlein!" Dat, doe krigen se nòch ien.
Doe sei it boerke: "Nou mat ik fuort, mannen, hwant it wurdt foar my melkerstiid."
"Ja," seinen de oaren, "wy matte èk fuort. Wy ha hjir nou lang genôch sitten."
Doe sei er tsjin 'e kastlein: "Sille wy even ôfrekkenje?" En tagelyk draeide er de pet yn 'e rounte.
"Ja," sei de kastlein, "dat wurdt dan trije kear fjouwer = tolve goune, foar tolve buorrels."
Doe woarden de kooplju kjel. Deselde dy't de pet op hie, sei tsjin it boerke: "Dû forrekkeling! Dû hast my bisodemitere."
"Ja," sei it boerke, "dat ha 'k ek dien. Sa komt boontsje om syn loontsje. Jimme ha my earst tofiter hawn. En nou hat datselde domme boerke jimme ek ris in poets bakt."

Onderwerp

AT 1539 - Cleverness and Gullibility    AT 1539 - Cleverness and Gullibility   

ATU 1539 - Cleverness and Gullibility.    ATU 1539 - Cleverness and Gullibility.   

Beschrijving

Boer ging met hele goede koe naar de markt. Drie kooplui die dat wisten spraken af dat ze de boer er tussen zouden nemen. Ze gingen op weg naar de markt op gelijke afstand van elkaar staan. De eerste koopman zei tegen de boer dat de koe te mager was om te verkopen. De boer ging verder, maar ook de tweede koopman zei dat de koe erg mager was. De boer begon te twijfelen, maar ging toch verder. Ook de derde koopman vond de koe mager, maar wilde er wel een schappelijke prijs voor geven die hoger was dan op de markt. De boer verkoopt de koe, maar gaat toch naar de markt. Daar merkt hij dat hij bedrogen is door de kooplui. Hij besluit de drie mannen te gaan zoeken en met gelijke munt terug te betalen. Hij spreekt wat af met de kastelein in een café. Boer vindt de kooplui en zegt ze te willen trakteren. De kooplui vonden het prima. Bij de bestelling zegt hij de kastelein meteen te willen afrekenen, en schuift de klep van zijn pet naar achteren. De kastelein zegt dat hij niets hoeft te betalen. Dat gebeurt een aantal malen. De kooplui vragen waarom hij niets hoeft te betalen en waarom hij steeds zijn pet omdraait. De boer zegt dat zodra hij de pet omdraait de kastelein zal zeggen dat hij niets hoeft te betalen. Het zit hem in de pet, een erfstuk uit de famile. De kooplui willen de pet wel kopen, en uiteindelijk verkoopt de boer de pet voort duizend gulden. Als ze weggaan draait de bezitter van de pet de pet om, maar de kastelein laat ze toch betalen. De kooplui hebben in de gaten dat ze bedrogen zijn. De boer erkent dat, zegt dat boontje om zijn loontje komt. en dat de domme boer hun ook eens te pakken heeft gehad.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1066, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 februari 1974
Cleverness and Gullibility

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21