Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106603

Een mop (mondeling), dinsdag 19 februari 1974

Hoofdtekst

Hitler en Goering rieden troch de stêd Berlin yn in rydtúch mei hynders der foar omdat de benzine sa krap wie yn 'e oarloch.
Twa fjurrige hopkes wienen foar it rydtúch spand en dy draefden wakker. Hja hienen beide de sturt omheech.
Dêrtroch waerd de achterein fan 'e hynders sichtber en dat wie de koetsier bot yn 'e wei. Hy skamme him der foar dat Hitler en Goering alles fan dy hynders sjen koenen. Dat hy prebearre iderkear mei de teugels de sturten nei beneden to krijen. Mar dat slagge net.
Tafallich is dêr in jonkje yn 'e buert. Dy sjocht wol hwat der oan skeelt en hy seit tsjin 'e koetsier: "Der wyt ik wol in middel op."
"Nou," seit de koetsier, "hwat is dat dan?"
"Ja," seit de jonge, "mar dat doar ik net to sizzen."
De Führer hearde ek dat de jonge dat sei, en doe sei er tsjin 'e jonge: "Siz it mar gerust, der komt dy neat fan oer."
Doe gong de jonge nei de beide hyns ta en doe flústere er de hyns hwat yn 't ear.
En prompt lieten se de sturten oer har achterein hinnefalle ('t wienen beide merrys).
Doe sei Hitler tsjin 'e jonge: "Hwat hast de beesten yn 't ear flústere?"
"Nou," sei de jonge, "jo ha my biloofd, dat der soe my neat fan oer komme, wol?"
"Né," sei de Führer, "ik hâld myn wurd gestand. Siz it gerust."
De jonge sei: "Ik ha tsjin 'e beide hynders sein: "Tink der om, jonges, der ride twa flikkers achter jim oan."

Beschrijving

Hitler en Goering rijden met een rijtuig door Berlijn. Het hindert de koetsier dat het hele achterste van de beide paarden te zien is omdat hun staarten omhoog houden. Een jongen weet de oplossing, maar durft dat niet te zeggen. Als Hitler hem belooft dat hij niet bang hoeft te zijn, fluistert de jongen de paarden iets in het oor. Beide merries laten daarop hun staarten zakken. De jongen vertelt dat hij hun gezegd heeft dat er twee flikkers achter hun aan rijden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1066, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 februari 1974

Naam Overig in Tekst

Hitler    Hitler   

Führer    Führer   

Naam Locatie in Tekst

Goering    Goering   

Berlin    Berlin   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21