Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106606

Een mop (mondeling), dinsdag 19 februari 1974

Hoofdtekst

Hitler en Goering sieten togearre yn in hotel. Hja sjogge troch 't raem hinne. En dêr rydt warempel noch in joad op 'e dyk om.
Doe sei Hitler: "Dêr sille wy in grap mei ha."
Hy kloppe op it glês en wonk oan 'e joad, dat er binnen komme moest.
De joad kom der oan. Hy trille as in rusk.
Doe seinen se tsjin 'e joad: "Dû krijst fan ús in lekker bret hoantsje."
De kellner brocht de brette hoanne. Doe seinen se tsjin 'e joad: "Dizze hoanne is foar dy, mar wy ha der ien bitinkst by: Hwatstû nou mei dat hoantsje dochst, datselde dogge wy moarn mei dy."
Doe tocht de joad: "Donders, as ik nou dy hoanne opfret, dan frette se my moarn ek op. Set ik de furke der yn, dan sette se de furke moarn ek yn my. Brûk ik it mes om him útinoar to snijen, dan snije se my moarn ek útinoar."
Mar gelokkich, ynienen gong him in ljocht op. En hy moest ek noch yn himsels laitsje, doe't er dêr oer tochte.
Hwant hy brûkte de furke net en hy brûkte it mes net, mar hy stuts de hoanne de finger yn 'e kont en dy finger, dy slikke er ôf.
Doe't Hitler en Goering dat seagen, seinen se tsjin 'e joad: "Hurd de hoanne opfrette en meitsje dan datst hjir wei komst!"

Beschrijving

Hitler en Goering zitten in een hotel en zien een jood op straat. Wenken dat hij binnen moet komen. Bieden hem een gebraden haantje aan, maar wat hij met de haan doet doen zij hem de volgende dag aan. De jood denkt dan als ik de haan eet, eten ze me, als ik de vork in de haan zet doen ze dat bij mij, als ik het mes gebruik om de haan open te snijden, doen ze dat bij mij. Maar dan bedenkt hij iets, en moet er in zichzelf om lachen. Want hij gebruikt mes en vork niet, maar steekt zijn vinger in het achterste van de haan en likt zijn vinger af. Als Hitler en Goering dat zien zeggen ze dat hij het haantje snel moet opeten en maken dat hij wegkomt.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1066, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 februari 1974

Naam Overig in Tekst

Hitler    Hitler   

Naam Locatie in Tekst

Goering    Goering   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21