Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106607

Een mop (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in man, dy woarde achterfolge troch de fijân. Hja sieten him op 'e hielen en woenen him deameitsje. Doe seach er in spleet yn in rots, dêr kroep er gau troch. Dêr wie in grot achter. Hy wie noch mar krekt yn dy grot of in grouwe spin bigoun in spinreach to meitsjen, krekt foar de yngong fan dy grot, yn dy spleet.
Doe't de fijân oan dy grot ta wie, sei ien: "Kin er hjir ek yn sitte?"
"Né," sei in oaren ien, "dat is ûnmooglik, hwant dan hie dat spinreach der net foar sitte kind."
Hja gongen fierder.
De man yn 'e grot hie syn libben oan 'e spin to tankjen.

Beschrijving

Een man die vlucht voor de vijand, komt door een spleet in een rots in een grot terecht. Een spin weeft een spinrag voor de ingang. De achtervolgers gaan verder, want zij menen dat de man daardoor niet in de grot kan zitten.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21