Hoofdtekst
Der is in keardel op 'e merk, dy is ôfgryslike sterk. In hiele swiere gewichtsheffer tilt er mei gemak in ein boppe de holle en hy fortoant noch folle mear dêr't út blykt dat er in reuze kracht hat.
Op 't lêst wit er net mear hwat er dwaen mat, dan hat er sahwat alles fortoand. Dan nimt er in grouwe sinaesapel yn 'e hân en knypt dy sa bot út, dat der alhiel gjin sop mear yn bliuwt.
Dan seit er tsjin 't publyk: "As der ûnder jimme noch ien is dy't der noch ien drip útknipe kin, dy kriget fan my hûndert goune."
Dan komt der ien skriel keardeltsje nei foaren, en dy seit: "Jow my dy sinaesappel ris op."
Hy nimt de sinaesappel en knypt der yn. En wrachtich, dêr komt noch sop út.
De sterke stiet forsteld, en seit: "Myn goeije man, hwat dogge jo foar de kost?"
"Ik bin bilestingamtner", seit er.

Beschrijving
Een sterke man op de markt laat op allerlei manieren zien hoe sterk hij is. Op het laatst knijpt hij zo hard in een sinaasappel dat alle sap er uit geperst is. Hij looft honderd gulden uit voor degene die nog sap uit de sinaasappel krijgt. Dat lukt een mager mannetje, belastingambtenaar van beroep.
Bron
Collectie jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21