Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106608

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Yn 't Barrahûs gebeurde it faek, dat minsken dêr ûnderdak krigen foar de nacht.
Op in joun kom dêr ek in frommes yn. It wie in fremd frommes, dat se net koenen.
Ien fan 'e mannen, dy't dêr ek sieten, wie in soldaet. Dy soe dêr dy nachts ek sliepe.
Doe't er in pear kear nei dat frommes sjoen hie, tocht er by himsels: bistû eins wol in frommes?
Hy gong stikum nei de boer ta en sei: "Ha jo ek apels?"
"Jawol", sei de boer.
Doe joech de boer him apels.
De soldaet gong hinne en goaide elk in apel ta.
Doe seach er dat de biwuste frou de skonken nei elkoar ta sloech doe't se de apel opfangde, ynpleats fan dat se se fan elkoarren die, lyk as oare froulju. Doe tocht dy soldaet: dêr ha wy 't al. Dit doocht net. Dit mat ik yn 'e gaten hâlde.
Op 't lêst wie 't tiid om to sliepen.
Doe sei de soldaet: "Ik gean njonken 't hynder lizzen yn 'e stâl." Hy krige gau in bosk strie, die dêr hwat kleanspul om hinne en lei dat njonken 't hynder del. Sels gong er yn 'e fuorbak lizzen.
Midden yn 'e nacht komt der ien oanslûpen. Dyselde stekt mei in great mês yn 'e striepoppe en seit: "Dat is ien."
"Ja," seit de soldaet, "dat tochst mar." En hy docht in raem mei de bajonet, dat dyselde falt dea foar syn fuotten del.
Doe sloech er alarm. Hy hie fan tofoaren de oaren al warskôge. Se kommen nou allegear by him. Der waerd in stoarmlantearne opstutsen en doe waerd de deade njonken 't hynder weilutsen. De deade waerd op 'e telle sleept en dêr neisjoen. En doe blykte it in keardel to wêzen. It wie in hiel biruchte misdiediger en moardner, dêr't se al wit hoe lang om socht hienen.
As eareteken fanwege de moed fan 'e soldaet stiet der hjoed de dei op it hiem fan it Barrahûs noch in byld fan him.

Beschrijving

Op een boerderij in Barrahuis kregen vaak mensen 's nachts onderdak. Eens is onder die mensen ook een vreemde vrouw. Een soldaat vermoedt dat de vrouw geen vrouw is. Een test met het opvangen van een appel in de schoot bevestigt dat vermoeden. De soldaat besluit de vrouw in de gaten te houden. Hij stopt 's avonds met stro zijn kleren op, legt die naast zijn paard en gaat zelf in de voederbak liggen. 's Nachts probeert de vrouw hem met een mes te doden. De soldaat steekt met zijn bajonet de vrouw neer. Als ze de dode nakijken blijkt het een man te zijn. Later komt naar voren dat het een zware misdadiger en moordenaar was waar al lang naar gezocht werd. Als blijk van waardering werd voor de moedige soldaat een beeld op het erf van de boerderij gezet.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Barrahûs    Barrahûs   

Barrahuis    Barrahuis   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21