Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106613

Een mop (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der stie in faem op 'e trap, dy wie oan 't glês himmeljen. Doe kaem dêr in mynhear oan, dy bleau by har stean. Hy seach omheech, en doe seach er, dat se in gatsje yn 'e broek hie.
Hy sei: "Kom dû ris omleech." Hja die dat, en doe sei er tsjin har: "Hjir hastû fiif goune fan my, dan kinst dêr in nije broek fan keapje, hwant dû hast in gatsje yn 'e broek."
It fanke giet mei de fiif goune nei in manufakture-saek ta en keapet dêr in nije broek.
Dan seit se tsjin 'e forkeapster: "Dy fiif goune ha 'k fan in mynhear krige; dy seach dat ik in gat yn 'e broek hie, doe't ik op 'e trap stie to glêshimmeljen."
Doe sei dy bitsjinster: "Dan wol ik èk ris op 'e trap stean to glêshimmeljen, miskien krij 'k dan èk jild foar in nije broek."
De oare deis gong se op itselde plak stean op 'e trap, dêr't de foarige deis har kammeraetske stien hie.
Dêr kaem de mynhear al oan. Hy bleau stean, seach nei omheech en sei: "Kom ris nei ûnderen."
Hja docht it en dan seit er tsjin har: "Hjir hast trije stûren."
"Hwat mat ik dêr mei?" freget se.
"Dêr mast in hiernetsje foar keapje", seit er.

Beschrijving

Een man ziet bij een meisje dat op een trap staat een gaatje in haar onderbroek. Hij geeft haar vijf gulden om een nieuwe onderbroek te kopen. Het meisje vertelt de verkoopster het verhaal, waarop de verkoopster de volgende dag ook op een trap gaat staan. De man komt weer langs, en geeft ook haar geld, om een haarnetje te kopen.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21