Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106612

Een mop (mondeling), dinsdag 19 februari 1974

Hoofdtekst

Der wie ris in mantsje, dat hie in hountsje. Dêr wied er stjonkende mâl mei, dat hountsje waerd bot fordoarn.
Dat hountsje waerd twa jier. It wie de dei fan syn jierdei. Omt it syn jierdei wie, mochten de hountsjes út 'e buert by him op bisite komme. Dat gebeurde.
De man komt ta de doar út, en leit my dêr net in hele dikke houn noch op 'e stûpe?
De man seit tsjin 'e houn: "Mastû ek net even nei Pucky ta?" (Hwant dat hountsje hiet fan Pucky.)
"Né," sei de dikke houn, "Pucky wol my der net yn ha."
De man giet wer nei binnen ta en seit tsjin Pucky: "Dêr leit in dikke houn foar op 'e stûpe en dy seit tsjin my: 'Pucky wol my der net yn ha'. Hoe sit dat eins?"
Pucky seit: "Dy houn hat oan 'e forkearde kant stien. Ik ha faek genôch heard dat er sein hat: Heil Hitler!"
Dan giet de man wer nei de dikke houn ta en seit tsjin him: "Neffens Pucky hastû wol gauris sein: Heil Hitler!"
"Né," seit de dikke houn, en dan bigjint er to gûlen, "hwant ik sei allinne mar: twee liter - as ik pisje moest."

Beschrijving

Man is vreselijk gesteld op zijn hondje Pucky. Als het hondje twee jaar wordt mogen alle buurhonden op bezoek komen. Als de man de deur uitgaat ligt er een grote hond op de stoep. De hond mag er van Pucky niet in, want de hond zou aan de verkeerde kant hebben gestaan, hij zou vaak Heil Hitler hebben gezegd. De hond begint te huilen en zegt dat hij alleen maar twee liter zei als hij moest plassen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1066, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 februari 1974

Naam Overig in Tekst

Pucky    Pucky   

Hitler    Hitler   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21