Hoofdtekst
Der wie in skoalmaster, dy woe syn learlingen leare hwat economy wie. Hy socht trije jonges út en joech se elk in kwartsje. Dêr moesten se hwat mei dwaen, en dêr moest dan út blike, dat se wisten hwat economy wie.
Doe gong de earste fan dy trije jonges hinne en helle út in automaet foar syn kwartsje in woarstje en dat iet er op.
De twadde jonge gong ek nei de automaet ta en helle dêr ek in woarstje út foar syn kwartsje, en dy iet dat èk op.
De trêdde gong ek nei de automaet ta en helle der èk in woarstje út foar syn kwartsje. Mar hy iet it woarstje sa net op. It binnenste helle hy der út en dat iet erop; doe skiet er yn dat feltsje, en doe't it fol stront wie, gong hy der mei nei de hâlder fan de automaet ta en sei: "Sjoch, dit woarstje wol ik net ite, hwant it stjonkt as in kring."
"Nou, hjir jonge," sei de automaethâlder, "hjir hastû dyn kwartsje werom."
De oare deis kamen de trije jonges by master yn skoalle.
"Wel, hwat hawwe jim mei 't kwartsje dien?" frege master. De earste fortelde, dat er sa en sa dien hie.
Doe sei master: "Dan witstû noch net hwat ekonomy is."
De jonge antwurde en sei: "My tocht fan wol. Ik ha dat kwartsje yn roulaezje brocht. Dy man kin dêr fierder mei handelje."
Mar master is 't dêr net mei iens.
De twadde fortelt krekt itselde.
Dan seit master tsjin 'e trêdde: "En hwat hastû mei 't kwartsje dien?"
De jonge die syn forhael en doe't er útforteld wie, sei master: "Dû hast bigrepen hwat ekonomy is!"

Beschrijving
Een onderwijzer geeft drie jongens elk een kwartje waar ze wat mee moeten doen. Zo kunnen ze laten zien wat economie is. twee jongens kopen een worstje dat ze opeten. De derde koop ook een worstje, eet de vulling op. Daarna vult hij het velletje met poep, klaagt de verkoper dat het worstje stinkt en krijgt zijn geld terug. De volgende dag vertellen twee jongens dat ze door een worstje te kopen het geld in roulatie gebracht hebben. De onderwijzer is het niet met huin eens. De derde jongen heeft volgens de onderwijzer wel begrepen wat economie is.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21