Hoofdtekst
Yn Drachten wenne in koopman, dy hiet fan Douwe de Haan. Dy hie ris in keppel drinten kocht en mei dy keppel drinten moest er ris op in kear oer de brêge fan 'e Veenhoop.
Hy moest foar ider skiep in stûr bitelje, as hy der mei de drinten oer hinne woe. Mar hy hie net in sint, hwant hy mocht graech in slokje en sadwaende wie syn beurs altyd leech.
Dat sei er tsjin 'e brêgewachter.
"Nou," sei de brêgewachter, "ik wyt wol rie. Astû der foar soargeste, dat der net ien fan 'e drinten op 'e brêge skyt, dan komst der gratis mei dyn fé oerhinne."
"Dat komt klear", sei Douwe.
Hy gong hinne en sette de earste drint op 'e brêge en sette doe de twadde mei de noas yn 'e earste syn achterwurk, en sa die er mei de hiele keppel.
Doe sei de brêgeman: "Mar hoe wolst nou mei de lêste drint oan?"
"Nou," sei Douwe, "dêr doch ik de noas wol yn." En sa kaem er foar neat mei syn fé oer de brêge.

Beschrijving
Een man met een koppel schapen mag voor niets over een brug op voorwaarde dat geen van de schapen op de brug poept. De oplossing van de man is dat de schapen met elkaars kop in elkaars achterwerk staan. De man steekt zijn neus in het achterwerk van het laatste schaap.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Douwe de Haan   
Veenhoop   
Douwe   
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21