Hoofdtekst
Wie der in bern siik dan waerd der al gau tocht dat it wolris bitsjoend wêze koe. Dan gongen se hinne en toarn it holkessen los en dêr sieten dan soms fearrene krânsen yn. Wie dat it gefal dan wienen se der wis fan dat it bern bitsjoend wie. Der siet fan alles yn dy krânsen binaeid: allegearre lapkes en knipsels en triedden, guod dat by 't naeijen en stopjen weifallen wie fan spullen dy't dêr yn 'e hûs makke woarn wienen.
Se gongen dan soms nei de duvelbander ta. Dat wie meastal greate Wopke fan Kûkherne. Dy joech syn ynstruksjes en hy joech de lju ek in drankje mei. Dat drankje moesten se tige foarsichtich mei wêze ûnderweis en der mochten foaral gjin egen oer gean. Net ien mocht it sjen.
De krânsen moesten opbrând wurde. Se moesten der om tinke dat dan alles goed ticht wie yn 'e hûs.
Myn eigen pake hat foar ien fan syn bern nei Wopke ta west om in drankje doe't dat bern bitsjoend wie.

Onderwerp
TM 3101; TM 3106   
Beschrijving
Van een ziek kind werd gauw gedacht dat het betoverd was. Een krans met allerlei lapjes en draadjes in het kussen gaf zekerheid. Men ging soms naar een duivelbanner, die aangaf hoe te handelen en een drankje meegaf. Dat drankje mocht niemand zien. De krans moest verbrand worden in een huis dat helemaal dicht was. Grootvader van verteller is naar duivelbanner geweest om een drankje te halen voor een kind dat betoverd zou zijn.
Commentaar
Heks maakt kind (mens) ziek; Het drankje van de duivelbanner
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Kuikhorne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20