Hoofdtekst
Hja meanden by in boer, dy wenne oan 'e Simmerdyk ûnder Burgum.
It famke fan dy boer rekke siik. De boerinne tocht net oars of it bern wie bitsjoend en hja sette mei kryt in krús oer de flier foar 't bêd dêr't it bern yn lei. Dan hienen de tsjoensters gjin macht mear oer har, hwant hja koenen net oer in krús hinne komme.
Dêr kaem alle jierren by dy minsken in hoazzekoopman út Dútslân wei. Dy kaem dêr ek krekt yn 'e tiid dat dy beide hantsjemieren dêr wienen to meanen.
Doe't dy hoazzekeapman Karl dêr seach sei er tsjin him: "Smoarge hynstediif, bistû hjir?" Hwant Karl hie in hynder stellen, dat wist er wol.
Karl wie in hiele minnen-ien.
De hoazzekeapman gong de Simmerdyk út; hy hie jild by him. Dêr loerde Karl op. Mar de hoazzekeapman wie dêr op fortocht, hy hie in revolver by him. Hy hie Karl yn 'e gaten.
Doe't Karl der ek yn 'e nacht op út gong wachte de hoazzekoopman him op. Karl hie in bile by him. De hoazzekoopman seach dat, en mikte mei de revolver. Mar Karl wie him foar. Hy sloech de hoazzekoopman dea, mar dy hie al sketten. Karl wie rekke.
De hoazzekoopman lei dea op 'e Simmerdyk.
Karl koe noch op 'e heasouder komme, dêr't er him yn it tintlekken birolle. Mar even hat er noch leefd, doe wie Karl ek dea.
Letter ha se in krús makke yn 'e berm foar de hoazzekoopman, op it plak dêr't er foun woarde. Dat hyt it Poepekrús. It is der noch altyd. It is in krús fan swarte modder yn it griene gers fan 'e berm. Se wolle wol ha dat der op dat plak fan it krús noait wer gers waechse wol.
De beide poepen binne bigroeven oan 'e Simmerdyk by Hurdegaryp, dêr't froeger in âld tsjerkhôf west hat.
Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
De boerin is er van overtuigd dat haar zieke dochtertje betoverd is. Om de macht van heksen te breken zet ze een kruis voor het bed van het kind.
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Karl   
Poepekrús   
Poepekruis   
Naam Locatie in Tekst
Dútslân   
Duitsland   
Simmerdyk   
Zomerdijk   
Burgum   
Bergum   
Hurdegaryp   
Hardegarijp   
