Hoofdtekst
Der wie in feanbaes, dy wenne op 'e Wâl. Hy hie nei de klaei ta west om sinten op to heljen foar de baggelders dy't er dêr levere hie. De jouns kaem er werom. Hy hie in lyts hountsje by him. Hy roan de Godleas Singel del by nacht. Doe't er al in moai eintsje op stap wie hearde hy guon oankommen, mar hy koe se net sjen. Omdat er in protte jild by him hie, tocht er dat dat wolris rovers wêze koenen dy't it op him gemunt hienen.
Doe lei dêr yn 'e berm in omkearde skou. Dêr krûpte er mei syn hountsje ûnder en sa wachte er fierder ôf.
It duorre net lang of de twa man wienen oan 'e skou ta. Hja bleauwen stean en gongen op 'e skou sitten.
De feanbaes tocht: as it hountsje nou mar gjin lûd jowt. Mar dat gong goed, it hâldde him stil.
Hy hearde de beide mannen praten. Se seinen: "Nou kin er hjir al hast wêze."
Mar doe't se dêr in skoftsje op dy omkearde skou sitten hienen, sei de iene: "Wy matte dat noch mar in eintsje út. 't Kin nou net lang mear oanhâlde dat er komt." De feanbaes krige yn 'e gaten dat se 't oer him hienen. Se woenen him fan 't jild birove en him formoardzje.
It hountsje hâldde him koest.
Doe't de beide mannen fuort wienen krûpte de feanbaes ûnder 'e skou wei en makke dat er thúskaem. De beide rovers wienen twa fan syn arbeiders. Hy hat se beide dien jown.

Beschrijving
Een veenbaas is met veel geld 's nachts onderweg naar huis. Hij hoort mensen aankomen en kruipt met zijn hondje onder een omgekeerde schouw. De mannen denken dat de veenbaas nog moet komen en wachten een poosje. Nadat de mannen weggegaan zijn haast de veenbaas zich naar huis.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Wâl   
Wal   
Godleas Singel   
Goddeloze Singel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21